GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel om in beslüt te nimmen om de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terherne yn stân te hâlden. Oan'e gemeenteried. Grou, 18 septimber 1992. Op grün fan kêst 108, le lid fan de Wet op it Basisünderwiis moat de gemeenteried beslute in iepenbiere basisskoalle op te düken, wan- near't in tal learlingen op beide teldatums fan 2 skoallejierren efterinoar minder west hat as 50 yn in gemeente mei minder as 25.000 ynwenners (skoallejierren 1990/1991 en 1991/1992). Dat beslút moat nommen wurde foar 16 oktober fan it skoallejier, dat folget op beide skoallejierren, lyk as hjirfoar oanjûn is oftewol foar 16 oktober 1992. Neffens kêst 108, 4e lid, fan neamde wet, beslút de gemeenteried lykwols om de skoalle yn stân te hâlden, wannear't dat needsaaklik is om te foarsjen yn foldwaande gelegenheid om iepenbier ûnderwiis te folgjen. Ek dat beslüt moat nommen wurde foar 16 oktober 1992. Yn beide gefallen moat it riedsbeslüt troch Deputearre Steaten goed- kard wurde. It beslüt fan Deputearre Steaten moat foar 16 febrewaris 1993 nommen wurde. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat op dit stuit yn üs gemeente 1 iepenbiere basisskoalle oanwêzich is, dy't ünder de noarm, sa as hjir boppe beskreaun is, fan 50 learlingen fait, nammentlik "It Kampke" te Terherne. Dy skoalle telde op 16 jannewaris 1991 41 learlingen en op 1 oktober 1991 42 learlingen. De léste kear dat Deputearre Steaten fan Fryslân it ynstânhâlden fan "It Kampke" yn Terherne goedkard hawwe wie 29 jannewaris 1992 (brief Deputearre Steaten fan 20 maart 1992, nümer BW.91-44451)Yn harren goedkarringsbeslüt hawwe Deputearre Steaten der op wiisd - it giet hjir op grün fan kêst 108, 9e lid fan de Wet op it Basisünderwiis om in saneamde Deetmanskoalle - dat sanedich in nij ynstânhâldingsbeslút troch de ried foar 16 oktober 1992 nommen wurde moat. It ynstânhâlden op grün fan de "Deetmannoarm" is ôfhinklik fan de situaasje op 1 oktober, oanslutend op de 2 foarôfgeande skoallejier ren (16 jannewaris 1991 en 1 oktober 1991) oftewol 1 oktober 1992. Op it stuit dat it ynstânhâldingsbeslút troch de gemeenteried nommen wurde moat (gjin riedsgearkomste tusken 1 en 16 oktober 1992) is het net mooglik mei absolute wissichheid fêst te stellen at op 1 oktober 1992 ek oan de "Deetmannoarm" foldoen wurde sil, al liket it der op, dat it tal learlingen fan "It Kampke" dan 48 wêze sil. DMVRISH0BS/0W/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 122