- 2 - Nummer 6: De hear Breeuwsma freget oft der al echt wat bard is. De foarsitter seit dat yn elts gefal op it brief reagearre wurde sil. Op hokfoar wize der eat barre sil sil ôfhingje fan'e moog- likheden. Nummer 15: De hear Van der Baan seit dat hy hiel bliid mei de oerienkomst. De kontakten mei Horazdovice kinne ek fan politike betsjutting wêze. Nummer 18: De hear Breeuwsma seit dat de hear Siksma him no yn'e boat nommen fielt. As hy doedestiids trochgien wie mei it oanfreegjen fan in hinderwetfergunning hie hy him no hân. De hear Siksma is misleid troch it gemeentebestjoerHy fynt dat der goed nei sjoen wurde moat wat der no barre moat. Wat hjir bard is kin yn mear gefallen sa wêze. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy de opmerking fan de hear Breeuw sma meinimme sil yn de beantwurding De foarsitter seit oan de hear Breeuwsma ta dat yn'e tredde ôfdieling op dit beswierskrift weromkommen wurde sil. Nummer 19: De hear Van der Baan jout it kolleezje de ried om goed te besjen wat de ried yn eardere gefallen fan doel west hat. Hy tinkt dat yn'e AROB-stikken in oare yntinsje fan'e ried stiet dat dy doe west hat. De foarsitter seit dit ta. Nummer 20: De hear SBouma seit dat de bewenners fan "It kleaster Ingwerd" it tige spitich fine soene as dizze namme samar ferdwine soe. Sy wolle graach dat dizze namme as strjitnamme opnommen wurdt. De foarsitter seit dat dizze bewenners op harren dúdlike fraach antwurd krije sille. De hear Van der Baan ûnderstreket itjinge de hear Bouma sein hat. Nummer 24: De hear Van der Baan seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei op hokker wize de stichting Foarwurk dizze kursus organisearret. Dat jildt foar al it wurk fan'e stichting. It is moai dat fammen sa in goede kâns op wurk krije. Nummer 29: De hear Breeuwsma tinkt dat der hjir mear oan'e hân is as in lyts bytsje. Dat der 52 beswierskriften kommen binne jout dat wol oan. Hy fynt dat hjiroer earst yn'e ôfdieling praten wurde moat. N0TU1.SEP/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 19