- 7 - No is it doel om dêr in kwaliteitsrestaurant te krijen. It kolleezje hie earst ek syn twifels en hat dêrom it advys fan buro Bügel ynroppen. Bügel komt ta it advys om dit net trochgean te litten. Hy fynt it dan ek hiel frjemd dat it kolleezje dit advys neist him dellein hat. Syn fraksje sil yn elts gefal tsjin dit útstel stimme. As twadde argumint tsjin neamt hy dat we troch dit útstel foarútrinne op de ynfolling fan it bestim- mingsplan bûtengebiet. De hear Breeuwsma fynt dit útstel in foarbyld fan hap-snap- belied. De hear Schouwstra hat in fersyk dien om in camping yn te rjochtsjen en dat moast wachtsje op it bestimmingsplan büten- gebiet. Hy hie tocht dat it kolleezje wat dit útstel oanbelanget wat mear belied makke hie. As it om in wenbuorkerij gean soe soe hy dêr gjin muoite mei hawwe mar no giet it om in behoarlike feroaring en krekt dan moat der belied makke wurde. Sa't it no giet kin it in presedintwurking hawwe. De hear SBouma seit dat syn fraksje wol akkoart giet mei it ütstel. It belied dat de hear Breeuwsma mist hat mient hy te finen yn ünder oaren it bestjoersplan en yn it plan oangeande it stedsgewest Ljouwert. Boppedat feroaret der net safolle oan'e bûtenkant fan'e pleats, hy is dan ek net bang foar in fers- teuring fan it lânskip. Wethouder Aukes zegt dat het duidelijk moet zijn dat het college deze vraag van alle kanten heeft bekeken. Het gaat hier inder daad om een prachtig landschap en op papier heeft het de bestem ming natuurgebied. Om die reden is het college eerst ook wel wat afwachtend geweest. Het verzoek is schriftelijk voorgelegd aan Staatsbosbeheer en die heeft niet negatief gereageerd. De rede nen dat het college met dit voorstel komt is onder andere dat in de toekomst de Wâldwei tussen Drachten en Leeuwarden die vlak langs de Himpensermar loopt, verdubbeld zal worden en mogelijk nog dichter langs het gebied zal lopen. Daarnaast is er om de Himpensermar een kanoroute uitgezet en er worden mogelijkheden gecreëerd om dat nog beter te maken. Met andere woorden, de mens en het natuurlandschap kunnen best samengaan en het college vindt het in die zin niet storend dat er een restaurant komt. De hear Van der Baan seit dat wy gjin hân hawwe yn'e ferdûbeling fan'e Wâldwei. Mar dat dêr in restaurant komt hat hy beswieren tsjin. Sa krije jo in hyltiten gruttere oantaasting fan it lânskip. Hy bliuwt tsjin it ütstel en fynt it hiel ûnferstan- nich dat it kolleezje no hjir in beslüt oer nimme wol. De hear Breeuwsma bliuwt it frjemd finen dat guon saken wol en oare net op it bestimmingsplan bûtengebiet wachtsje moatte. It ferwûndert him ek dat it kolleezje kontakt hând hat mei Steats- boskbehear, dat hie mei de provinsje wêze moatten. De hear Oosterhof seit dat dizze buorkerij net yn it natuer- gebiet stiet mar oan'e râne dêrfan. Yn it stedsgewest Ljouwert krijt dit gebiet in rekreative bestimming en dêr past in restau rant hiel bést yn. N0TU1.SEP/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 24