- 11 - Mar ek it "gemeentewurk" freget it protte en hat jo hert, de minsken witte jo te finen. De kombinaasje fan dy twa "hobby's" is jo somtiden swier fallen en no is it foar jo it momint om mei klam te kiezen foar jo wurk yn Ljouwert. Wy sille jo ynbring, jo fêste 'utdrukkings (sa simpel as goeiedag) misse, want as ik weromsjoch kin ik wol stelle dat jo in tige warber man west ha en net allinne yn ferbân mei saken dy't direkt út jo eigen "por tefeuille" fuortkamen. Sa kin ik neame: lid regioried, lid stjoergroep MSU en dêrfan ek db-lid, lid earste ôfdieling, lid fan fersate ad-hockommisjesdy't ûnder oaren mei sealen, ûnder- wiis as rekreaasje te krijen hiene. En hear Bouma, meastal wie it sa dat as jo earne ynsitte, yn hokker kommisje dan ek dan wist men dat en koe men him mar skrapsette. Jo stim wie dúdlik te hearen en de oare dielnimmers koene net om jo hinne. Unôfhink- lik fan it úteinlike risseltaat (want de ried nimt de besluten) ha jo der tinkt my ta bydroegen dat foar jo wichtige saken fan alle kanten beljochte binne ear't it ta de beslútfoarming kaam. Tige tank dêrfoar. Hear Bouma, jo starten yn 1978 as riedslid anneks fraksjefoarsitter yn Idaerderadiel en doe ik dêr by stilstie betocht ik dat de klub fan'e "oudgedienden" hyltiten lytser wurdt. Troch jo ôfskie wurde in tal saken noch wer ris dúdlik. Oan'e iene kant de spanning dy't der sit yn'e kom binaasje fan riedswurk en maatskiplike funksjes. Dat is punt fan omtinken foar ús as ried mar ek foar de polityk yn it generaal. Dan giet it om de fraach hoe riedswurk te kombinearjen mei in maatskiplike funksje. Want dat sa'n kombinaasje nei beide kanten ta winsklik is dêr binne wy it allegear wol oer iens tinkt my. It oare wat dúdlik wurdt, ik neamde it al, is it feit dat de langsitters ferdwine. Dat is benammen in opjefte foar de polityk, om ünderfining en kontinuiteit te keppeljen oan feroa- ring en roulaasje. Hear Bouma, it is moai te witten dat immen in bepaalde leafde hat foar bygelyks in plak. By jo is dat Grou, foar alle dúdlikens. Ik bin bliid dat der safolle mooglikheden binne om dy leafde foar Grou om te setten yn in presint. It presint wêrmei wy ús tank foar al jo aktiviteiten ta utering bringe wolle. Tige tank." De hear SBouma seit dat de hear Bouma yn 1978 it jongste riedslid fan Idaerderadiel wie en fuortendaliks fraksjefoarsit ter. Dêrút sprekt wol belutsenheid dy't oant no ta hyltiten fielber west hat. Ek syn saakkundigens kaam altiten dúdlik nei f oaren. De hear Bouma kin haad- en by saken skiede en hat each foar de proseduere. Ek is sprekkend syn twang om yn kommisjes te sitten, fral as it om rekreaasje en dingen dy't it doarp oan- giene gong. Hy hat ien kear mei de hear Bouma yn in kommisje sitten dy't de tapaslike bynamme krige "de kommisje Bouma" en it rapport dat doe útbrocht is krige de namme "Hawar, it koe min der" betocht troch de hear G. Bouma. Koartlyn woe hy noch wer in kommisje oprjochtsje om it riden en f arren yn'e haven ris te besjen, want hy hie in pear dagen mei de boat yn'e haven lein en dat hie him gjin sint koste. De hear Bouma hat lésten yn in in terview mei de lokale omrop sein dat it riedswurk him trije da gen yn'e wike kostet. Yn kombinaasje mei in drokke baan en in gesin is dat net fol te hâlden. It hat in goed oerwûgen kar west fan de hear Bouma. As blyk fan wurdearring en foar de goede gearwurking oerlanget hy út namme fan'e ried in moai boeket blommen. N0TU1.SEP/H/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 28