- 12 - De hear G. Bouma seit: As jo nei 14 jier ophâlde mei it riedswurk is dat reden om efkes stil te stean by saken dy't dêr mei te meitsjen hawwe. Ik wol begjinne mie de opmerking dat ik dit wurk mei nocht dien ha en dat ik it faken noch misse sil. Om riedslid te wêzen moat men ré wêze om him of har foar de mienskip yn te setten en dit yn meardere of mindere mate op grûn fan in politike oertsjoeging. It benearjende fan de sitewaasje hjoed-de-dei is, dat hieltyd minder minsken ré binne harren foar "it mienskiplike" yn te setten. Dit knypt te mear, om't út ûndersyk bliken docht dat de minsken hieltyd mear fan de oerheid (polityk) ferwachtsje. De yndividu- ele belangen fiere de boppetoan. Fan mienskiplike belangen is allinne dan noch folop sprake as men meiïnoar skeind wurdt yn'e yndividuele belangen. Ek troch ús yn Boarnsterhim wurdt in soad praat en neitocht oer de ôfstân tusken de ynwenners en harren bestjoer. Iepenbiere fraksjegearkomsten troch de hiele gemeente, témajünen mei belangegroeperingspetearen mei bestjoeren fan ferienings foar pleatslike belangenen en oare ferienings, neam mar op. Faken komme allinne dyjinge dy't yn harren belang oantaast wurde. It spytige fan dizze üntjouwing nei in fierdergeande yndividuali- searring is, dat it ten koste giet fan de meast kwetsbaren yn'e mienskip. Dit moat in kontinue soarch wêze en bliuwe foar bestjoer en polityk. It is de ferantwurdlikens fan alle politike partijen om (yn oparbeidzjen?dizze üntjouwing te kearen, om't it, sa hat de skiednis ús leard, in bedriging betsjut foar de demokraty. Dizze trend hat ek ynfloed op de réwilligens fan minsken om har ren yn te setten foar de mienskip en it mienskipsbelang (Rie, kommisjes en bestjoeren fan ferienings). It kin hast net oars, as dit giet ten koste fan de kwaliteit fan de bestjoersorganen: wa't him beskikber stelt is daliks ek bestjoerder. Benammen foar demokratyske politike groeperings is dit in soarchlike üntjouwing. Wy sille besykje moatte, ek bûten de partijen, minsken te motifearjen om harren foar "it mienskip like" te ynteresearjen en yn te setten. Ek yn ús gemeente is nei myn betinken sprake fan in proses fan kwalitatieve nivellering oangeande de politike en bestjoerlike beslútfoarming. Earder wie it bygelyks gewoan sa dat de disk usje, ek binnen de Rie, in bijdrage foarme ta in better beslút. No wol de "diskusje" him wolris beheine ta it swart meitsjen fan de oar en mei namme troch de klam te lizzen op de negative ele menten. Soks ûndergraaft fansels in goede beslútfoarming en jout in negatyf imago fan'e polityk. Spitigernôch is it dêrby sa, dat de opdiene ûnderfining yn'e Rie en seis yn it Kolleezje, net altyd ferheging fan de kwaliteit fan it funktioneren as riedslid teweech bringt. N0TU1.SEP/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 29