- 2 - Mefrou Bloem seit: Achte foarsitter, ried, oare oanwêzigen, yn't bysûnder mefrou Holtrop en famylje, goekunde, Hjoed op 28 augustus, de dei wêrop Bommenberend syn slach sloech en de stêd Grins oermastere. Hjoed op dyselsde 28 augustus set de hear Holtrop de folgjende stap nei de oermastering fan Oosterhout. En om it iene te oermasterjen moat men faaks wat oars efterlitte. Yn it gefal fan üs foarsitter moat er Boamsterhim, ús prachtige ge meente ferlitte om yn Oosterhout oan te kommen. Wy, en foar de goeie oarder, ik praat dan út namme fan it kolleezje, wy binne der wis fan dat jo ús Fryske, dynamyske, froufreonlike omjouwing misse sille en wy ferwachtsje dan ek net oars as jo nimme eat fan dat Fryske, dynamyske en froufreonlike mei. Boargemaster Holtrop, jo slute hjir in part fan jo libben en wurkjen óf, in part dat my tinkt foar jo fan grutte betsjutting west hat. Dat hat benammen te krijen mei it feit dat jo earst yn'e gemeente Idaerderadiel en letter yn'e gemeente Boamsterhim haad fan'e gemeen te west ha en dat is meiinoar in hiel skoft, wêryn in protte barre kin, en der is hiel wat bard. Us gemeente mei dan yn omfang net ferskuorrend grut wêze, troch ûnder oare ús lizzing, sintraal yn Fryslân bart hjir hiel wat Idaerderadiel wie foar jo, tinkt my, in hiele moaie start as boar gemaster, lyts, oersichtlik en der koe yn dy tiid fan alles op'e priemmen set wurde: de ferpleatsing fan Halbertsma, it omtinken foar de, foar in part nije keam fan Grou, mar ek it omtinken foar de keamen fan'e omlizzende doarpen; de útwreiding fan ferskate yndustry-terreinen, in nij station, in nije sport-hal en dan kom ik lang net oan alles ta. In oergong nei in nije gemeente dy't foar in part dochs jo eigen is, is en bliuwt in hiel aparte saak. Jo hawwe jo enorm ynsetten om de tri je âlde gemeenten goed ta te rieden nei de nije gemeente ta. En doe de nije gemeente útein setten is wie dat einliks ek de start fan tal fan diskusjes oer al as net reorganisearje. Mei dat de trije gemeenten byinoar kamen, foei de nije gemeente fuort ek yn in oare kategorie wêr't de problemen, fraachstikken en út- dagings fan in oare oarde binne dan yn in wat lytsere gemeenten en dy fraachstikken kinne jo faaks net oplosse yn âlde struktueren. De drang ta reorganisearje hat fansels ek alles te krijen mei de diskus jes oer it plak fan'e lokale oerheid, yn in tiid fan hieltiid behein- dere middels. Foar hokker taken moat de gemeente him ynsette en as dat dúdlik is op hokker wize, want ek de wize fan funksionearjen fan'e gemeente stiet yn it ljocht. Neitinke, prate oer, mar foaral besluten nimme oer reorganisaasjes is in dreech en spannend krewei. Yn it kolleezje hawwe wy der hiel wat swiere diskusjes meiinoar oer hân en ek jo hawwe jo bydrage dêr ta levere. N0T28AUG.ÂF/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 4