- 3 - Yn de nije gemeente wie it ek saak om tri je kultueren ta ien te foarmjen en om't uteraard ek de ried en it kolleezje fan út dy âlde kultueren kamen wie it foar ús allegearre net altyd in simpele saak. Yn in oar ferbân haw ik ris sein dat it jo taak wie om'e kikkerts yn'e kroade te hâlden. Dat hat foar jo in hiele opgaaf west om't josels, foarsitter, fansels jo miening ek net ünder stuollen of ban ken setten woene. De gemeente yn'e nije omfang hat hiel wat fan jo frege, mar hat dêrby jo ek de kâns jûn om jo foar ferskate saken yn te setten. As it giet om de wat mear sichtbere saken tink ik oan saken, lykas de ferbettering fan ferbinings, middels de nije Rykswei, de rânewei yn Jirnsum, doarpsferbettering yn noard en súd, it baggerjen fan'e Pikmar, ferskate rekreative ûntjouwings, it feilich stellen fan it nije plysjekantoar Ik tink dêrby ek oan al dy saken dy't efter de skermen barre, as dy wat mear te krijen hawwe mei in oare kant fan'e ferantwurdlikens fan'e boargemaster, nammentlik de aktiviteiten rûnom iepenbiere oarde en feiligens (brânwar, plysje), (saken dy't harren sa wol op it gemeentlik nivo mar ek op it regionale nivo ôfspylje), en de al- gemiene en wat mear koördinearjende kant fan jo taak, wêr't ik as loko-boargemaster somtiden wol wat mear sicht om krije. Dat kinne fragen fan boargers en amtners wêze, mar ek aktiviteiten rûn it Skûtsjesilen en rûnom it lizzen fan kontakt mei de Tsjecho-Slowaakse gemeente Horazdovice. Al dy saken, dy net folsleine wasklist fan aktiviteiten, al dy saken wêr't ik it niis oer hie boargemaster, hawwe jo ynset frege op hokfoar wize dan ek. Sy hawwe in oanslach dien op jo kreativiteit, jo geduld, jo humor, jo eigensinnigens en ünfersetlikens en dat alles yn in persoanlike en gemoedlike sfear. Deselsde sfear wêryn wy as kolleezje faaks mei geniete koene fan jo goed ûnthâld en flitsende geast. Dy flitsende geast holp jo soms op de meast frjemde momenten oan in sterk ferhaal in historysk pespektyf, as in grap...., wêr't wy dan de büsdoek wol by nedich hiene. Wêrom tochten jimme dat ik dit ferhaal mei Bommenberend begûn wie men wol wolris wat werom dwaan Boargemaster Holtrop, wy as kolleezje wolle jo tankje foar wat jo hjir útein set hawwe. Wy gunne jo fan herte it nije perspektyf dat jo middels de nije funksje yn Oosterhout bean wurd. Troch jo fertrek nei it suden sille wy mei mear as gewoane belangstel ling Oosterhout en omkriten folgje (dat dogge wy no al...) en sa hawwe jo dan ek noch ris op dy manier bydroegen oan in better begrip tusken noard en súd. Wy winskje jo in protte sukses, lok en sûnens yn Oosterhout ta foar josels, mar dat sprekt, foar jo hiele gesin. Jo gesin, jo efterbân en praatpeal, wie al as net frijwillig, regel- mjittich belutsen by gemeentlike aktiviteiten, by plesierige, drege, mar somtiden ek by bepaald minder plesierige aspekten fan jo amt, en dat sjoch ik dan as minder frijwillig. Mar it heart der allegearre by, hjir, mar ek daliks yn Oosterhout. En dêrom frou Holtrop, bern en fierdere famylje, tige tank foar no en foar straks in hiele goeie tiid tawinske. N0T28AUG.AF/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5