- 8 - De hear Renia seit dat net ien it belang fan in pjutteboar tersplak yn twifel lükt. Mar as it pjutteboartersplak bûten üs gemeente komt te lizzen is it fansels logysk dat it bedrach dat foar in pjutteboartersplak yn üs gemeente ütlutsen wie weromlutsen wurdt. Wat noch wol nijsgjirrich is dat men it âlde ûnderkommen wer yn de oarspronk- like steat werombringe moat. Dêr wol hy wol fan witte hoe't dat sit. Wethâlder Nieuwdam seit dat terjochte sein is dat Sibrandabuor- ren op alle manieren besocht hat om in oare húsfêsting foar it pjutteboartersplak te finen. Dat is ek breanedich. Yn dat ferbân is yndertiid ek oerlis west mei de kommisje "Lytse Kearnen", dy't f 10.000,00 beskikber steld hat foar nije hüsfesting yn Sibrandabuorren. It is ek terjochte dat no der oer in oare sitewaasje praat wurdt it jild fan'e kommisje Lytse Kearnen dêr net foar brûkt wurdt. It pjutteboartersplak sil noch in part fan 1993 yn Sibrandabuorren bliuwe. Yn'e subsydzjetakinning foar 1993 wurdt dat ek meinommen. Yn Wymbritseradiel wurdt ek oer 1993 subsydzje takind. Yn'e petearen is ek praten oer kosten fan it ferhûzjen. Dy kosten kinne splitst wurde yn kosten dy't te meitsjen hawwe mei it âlde ûnderkommen en oare kosten. Sa eksplisyt is dêr noch net oer praten en hy sil neigean wat dêroer yn'e kontrakten stiet. Hy tinkt net dat foar ynvestear- rings yn Gau jild jûn wurde moat. Hy tinkt dat it goed is dat büten de f 10.000,00 Sibrandabuorren komt mei in begrutting fan alle fasetten fan de ferhüzing sawol wat Boarnsterhim as wat Wymbritseradiel oanbelanget. Dan kin der praten wurde oer it part dat slacht op Boarnsterhim. De hear Bouma moat begripe dat der gjin tasizzings dien binne. Yn it brief fan it bestjoer fan it pjutteboartersplak stiet wat oars. It liket him goed yn de kommisje dêr nochris op werom te kommen Mevrouw Van den Berg zegt dat de wethouder er wel van spreekt dat de peuterspeelzaal broodnodig is maar het beleid dat hij voert lijkt meer op een afschuifsysteem naar Wymbritseradiel en het onderstreept niet zijn woorden. Haar fractie blijft van me ning dat in Sibrandabuorren alles is geprobeerd en dat de gemeen te daar tot nu toe niets tegenover heeft gesteld. Zij vindt dan ook dat de aanvraag om f 3600,00 gehonoreerd moet worden. Het betreft kinderen uit onze gemeente waar de gemeente ook mee ver antwoordelijk voor is. Ze hoopt dat de wethouder goed doordron gen is van dat belang. De hear Van der Baan seit dat it der om giet hoe hurd de tasiz- zing fan'e wethâlder is. De kosten dy't fuortfloeie út it feit dat de pjutten yn Boarnsterhim nei it pjutteboartersplak geane moatte ferrekkene wurde. Foar it oare kin hy him wol fine yn it útstel De hear Renia fynt de opmerking oer dat it no in ôfskosysteem wurdt net terjochte. It is in hiele normale saak dat lytse doarpen oan wjerskanten fan in gemeentegrins elkoar fine. As it yn 1993 op in fatsoenlike manier ôfhannele wurdt stiet syn fraksje achter it útstel. NOT29SEP.AH/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 10