- 9 - Wethâlder Nieuwdam tinkt dat yn it belied oer pjutteboartersplak- ken ek prinsipjeel praten wurde moat oer dy gefallen dy't oer de grinzen fan oare gemeente geane. As we no in presedint skeppe hat dat fiergeande gefolgen. Yn dit gefal bliuwt it kolleezje by syn stânpunt. It is trouwens al düdlik wurden dat Wymbrit- seradiel itselde belied fiert. Oangeande de kosten dy't noch makke wurde moatte yn Sibrandabuor- ren wol hy noch mei it bestjoer oer prate en dêr yn'e ôfdieling op weromkomme. Mevrouw Van den Berg wenst stemming over haar voorstel, dat door haar fractiegenoten worden gesteund. De foarsitter bringt dan it ütstel fan mefrou Van den Berg om f 3.660,97 ta te kinnen oan it bestjoer fan it pjutteboarters plak yn stimming. It part fan'e f 10.000, 00 dat dan oerbliuwt giet nei ûnfoarsjoen 1992. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel te zijn verworpen met 12 tegen 3 stemmen. Voor hebben gestemd de leden Van den Berg, Breeuwsma en Dotinga. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het college voorstel besloten. 12. Voorstel tot handhaven van de afwijzing van een subsidie-verzoek van de Stichting Monument van de Maand. De hear Van der Baan fynt it o sa spitich dat de oanfraach wer net honorearre wurdt. Us gemeente hat der alle belang by dat de Stichting ús meinimt yn'e projekten. It fersmiten fan it ütstel sil fan gefolgen hawwe dat de Stichting Boarnsterhim nei achte ren skowe sil. It presintearj en fan it kultuerbesit is tige wichtich, it heart in beliedsütgongspunt te wêzen. It kolleezje fynt dat ek wol mar as der in oanfraach om f 2200,00 komt fynt hy dat al te dj oer. Yn de hiele provinsje binne mar 5 gemeenten dy't net meidogge, it belang sprekt hjir ek düdlik üt. Hy giet der foar yn'e pleit it kolleezje-ütstel te fersmiten. De hear Bouma is it persoanlik mei de hear Van der Baan iens, de rest fan syn fraksje tinkt der oars oer. Yn üs gemeente binne in protte beskermde doarpsgesichten en monuminten en hy fynt dat dêr rom omtinken oan jün wurde moat. De hear Renia seit dat it der hjir om giet dat de stichting oant no ta subsydzje fan'e provinsje krige wylst dêrneist de gemeente dy't oan bar wie it projekt stipe. Syn fraksje fynt dat dit fersyk net honorearre wurde moat sadat op dy wize in provinsjale taak oernommen wurde soe. Miskien dat de gemeenten dy't no de poat stiif hâlde de provinsje der ta bewege kinne op syn beslüt werom te kommen. De hear Dotinga seit dat syn fraksje dizze oanfraach wol stypje wol Wethâlder Nieuwdam fynt it wol opmerklik dat de ried no wer mei dizze reaksjes komt wylst der yn de foarige gearkomste in düdlik beslüt nommen is. N0T29SEP.AH/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 11