- 10 - De reaksjes dy't der no komme hâlde gjin nije arguminten yn om it earder nommen beslüt werom te nimmen. Hy sjocht ek gjin inkeld oarsaaklik ferbân tusken it feit dat gjin bydrage levere wurdt oan'e overheadkosten en it takinnen fan projekten oan ge meenten. As de ried dizze bydrage wol dan giet it om in struk- turele subsydzje. De ried sil dêr dan ek in dekking foar oanjaan moatteMei in fersyk fan'e stichting foar in projekt yn üs ge meente sil de gemeente hiel serieus omgean en besjen oft der mid dels foar beskikber steld wurde kinne. De hear Van der Baan seit dat der neist de monuminten dy't oanwezen wurde ek algemiene projekten wêze sille dy't foar alle gemeenten yn Fryslân jilde. In gemeente komt dus mear as ien kear oan bar. In mienskiplike oanpak sil seker kostenbesparjend wurkje. Hy fynt dat we yn Fryslân o sa grutsk wêze meie mei dizze stichting, dy't foar kulturele keunststikjes soarget. Dan soe de gemeente net sa luzich dwaan moatte oer f 2000,00. Hy jout as dekking foar de strukturele subsydzje de algemiene reser ve oan. De hear Bouma sjocht dizze subsydzje yn it bredere ramt fan in stik p.r. foar Fryslân en it fergrutsjen fan'e belangstelling foar monuminten yn it algemien. Hy tinkt dat op'e begrutting by de post iepenloftrekreaasje in bedrach hjirfoar frijmakke wurde moat Mevrouw Van den Berg vindt dat de dekking gevonden kan worden in de post onvoorzien. De hear Ren ia bliuwt by syn stânpunt dat it hjir giet om in provinsjale taak. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy hâldt fan in pragmatyske beneie- ring. De Stichting Monumint fan'e Moanne wurdt konfrontearre mei it droechfallen fan in subsydzjepot en no alles yn it wurk stelt om dat jild earne oars wei te heljen. Hy hat gjin nije arguminten heart dy't in oar ütstel freegje. It giet by it finen fan in dekking om in strukturele lest dus kin it net út ûnfoarsjoen. De foarsitter slút om 21.03 oere tydlik de gearkomste foar oerlis. Sy iepent de gearkomste opnij om 21.07 oere. De hear Van der Baan seit dat hy fan miening is dat it net de earste taak fan'e ried is om in dekking oan te jaan. Foar 1992 wol hy dat lykwols wol dwaan. De dekking kin dan út'e post ûnfoarsjoen. Foar 1993 en fierder sil dan op'e begrutting in plakje fûn wurde moatte. De foarsitter freget nochris om it oanjaan fan in strukturele dekking. Sy fynt dat de ried as dy mei in útstel komt ek de dek king derfoar oanjaan moat. Dat is gjin taak foar it kolleezje. De hear Breeuwsma fynt it frjemd dat de ried de dekking foar 1993 oanjaan moat, dêr heart it kolleezje foar te soargjen. De f oars itter riedt de ried óf dit ütstel fan de hear Van der Baan en leden fan it C.D.A. en V.V.D. oan te nimmen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 12