- 12 - Wethâlder Nieuwdam konstatearret dat de eask ta oerienstimming ôfrûn is en dat yn it G.0. oantrune is op fuortsetting fan dy eask ta oerienstimming. Yn de lêste G.0gearkomste is troch de leden fanút de ried oanjûn dat sy it foech ta fêststelling fan'e haadstruktuer graach oan'e ried hâlde wolle. Hy tinkt dat it folslein legaal is dat de fêststelling fan'e haadstruktuer troch de ried dien wurdt. Fan it feit dat dat yn novimber lêstlyn net bard is hat eltsenien in ferfelend gefoel oerhâlden. Hy tinkt dat it goed is no helder te wêzen troch as ried de ferantwurdlik- heid te nimmen yn gearhing mei hoe't de organisaasje der oer tinkt. Dat der opnij ûnrest wêze soe yn de organisaasje is him neat fan bekind. Yn in petear mei de foarsitter fan de M.Z.C. die bliken dat dy fernuvere wie dat der oer ünrest praten waard. Mevrouw Van den Berg interrumpeert dat de wethouder in de de der de afdeling informatie heeft achtergehouden, vandaar haar opmer king. Wethâlder Nieuwdam seit dat der by de M.Z.C. totaal gjin ünrest is en men kin him fine yn dit ütstel. Hy leit er de klam op dat it om twa folslein oare saken giet as it giet oer de eask ta oerienstimming en de fêststelling fan'e haadstruktuer fan e amtlike organisaasje. In betingst foar in goede haadstruktuer is fansels dat der foldwaande draachflak yn'e organisaasje foar is. Hy foarsjocht in konstruktyf oerlis dat mooglik makke wurdt troch dizze eask ta oerienstimming en de ynset sa as hjirfoar neamd. Hy hat der gjin ferlet fan konflikten op te roppen, it giet om in goed oerlis mei goede ófspraken foarôf. Mevrouw Van den Berg zegt dat de wethouder stelde dat de raad in november ook graag had willen beslissen over de vaststelling van de hoofdstructuur. De wethouder is daar tegenaan gelopen omdat zijn eigen partijgenoten dat graag wilden, de rest niet. Het was een vraag van de heer Renia in het G.0. om het via de raad te doen. Zij heeft in november het mandaat aan het college gelaten zoals dat in eerste instantie in het overeenstemmingsvereiste stond. De hear Renia seit dat dy fraach fan'e P.v.d.A. fan langer lyn is. Yn september ferline jier hat hy dêroer heftich yn debat west yn it G.0. om te besykjen klear te krijen dat de ried oer de fêststelling fan'e haadstruktuer beslisse mocht. Op dat stuit wiene der mear fraksjes dy't dat ek woene. It skynt no sa te wêzen dat it al yn'e feroardering stiet dat dit in saak fan'e ried is, dus hie hy yn novimber in posityf antwurd hawwe moatten op syn fraach. De hear Van der Baan kin him fine yn wat de hear Renia seit. Der hat by syn fraksje in grut stik ûnfrede west oer saken dêr't fan sein waard dat se mandantearre wiene en wêrfan bliken dien hat dat dat net sa is. Hy fynt it in süne saak dat no de ried beslüt dat dit ünderdiel net mandatearre wurdt en dat dat gelokkich ek net kin. MAT O QC VD AU/n/n

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 14