- 15 - Wethouder Aukes zegt dat het voorstel niet eerder verstuurd kon worden omdat zij pas eind vorige week met vragen van de provin cie werd geconfronteerd. Er was al een verklaring van geen be zwaar aangevraagd om het mogelijk te maken dat de heer De Schif- fart een tweede woning zou bouwen op een stukje terrein aan de Zandsloot. De provincie wilde een duidelijker motivatie van het college voordat een verklaring van geen bezwaar zou kunnen wor den afgegeven. De provincie zag geen kans met de huidige motiva tie accoord te gaan. Er is toen overleg geweest. Omdat vanavond het bestemmingsplan aan de orde is zou deze ambtshalve wijziging meegenomen kunnen worden omdat anders later het bestemmingsplan weer zou moeten worden gewijzigd. Het college zou dat een onge lukkige gang van zaken vinden. Zij heeft er wel begrip voor dat deze aanvulling voor de raad onverwacht komt. De hear Van der Baan fynt dat dizze wiziging net meinommen wurde moat yn'e beslütfoarming en dat it bestimmingsplan dan letter mar wizige wurde moat. It giet hjir om sa'n yngripend en prinsipjeel stik en dêr wol hy langer oer prate foardat der in beslüt falie kin. De hear Breeuwsma seit dat hy der in hekel oan hat dat útstellen pas yn'e gearkomste oan'e ried bekind wurde. Hy wol tenei yn elts gefal in pear dagen earder sa'n útstel hawwe. De foarsitter seit dat it meast fiergeande útstel it ütstel fan'e hear Van der Baan is om dizze oanfolling oer de wente fan de hear De Schiffart no net te behanneljen. It docht bliken dat der gjin foldwaande stipe is om dat ütstel yn stimming te bringen. De foarsitter slüt om 21.55 oere tydlik de gearkomste om de ried yn de gelegenheid te stellen it neikommen stik te lézen. Sy iepent de gearkomste wer om 22.00 oere. De hear Breeuwsma seit dat bliken docht dat der dochs wol wat yn Terherne oan'e hân is. It giet no om dit ütstel ta it wizige fêststellen fan it üntwerp-doarpsfernijingsplan. Hy fynt it mar in frjemde namme omt it plan neat te krijen hat mei doarpsfer- nijing. We prate ommers oer in doarp dêr't noch in doarp on fêstplakt wurde sil en hoe as wat is noch neat fan bekind. Wêrom is dan dizze namme keazen? Ut de beswierskriften kin hy ek net folie gewaar wurde. Gean dy allinne oer it üntwerp-doarpsfer nij ingsplan? Alle beswieren wurde hast grüne ferklearre, somti- den foar him ünbegryplik. Yn'e horekafunksje wurdt mar fan alles tasein wylst in pear jier ferlyn noch wiidweidich praten is oer in croissanterie dy't om 5 oere ticht moast en dêr't gjin bier tape wurde mocht. Hy tinkt dat der oer it ynfoljen fan it hiel grutte plan neist Terherne te min oerlis west hat. Hy freget oft der ek bestjoerlik oerlis mei de provinsje west hat tusken de gemeente en de deputearre R.0. en de deputearre foar rekreaasje. It is foar him hast ünbegryplik dat der samar 200 wenten oan Terherne fêstplakt wurde. Is dat wol ris ündersocht troch in saakkundich bureau. It giet om in doarp dêr't al mear as 100 rekreaasjewenten binne. Mei dit plan kinne tastannen as yn Seelân ûntstean as yn De Lemmer. Syn fraksje hat grutte muoite mei dizze ünfundearre plannen. NOT29SEPAH/H/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 17