- 16 - De hear Van der Baan seit dat al fanôf 1986 plannen foar Ter herne makke wurde. Earst de ûntwikkelingsfisy, de TROP- en TRAPplannen, de struktuerfisy yn 1990 en no dan it doarpsfer- nijingsplan. Al earder is konstatearre dat der net allinne in grutte wjerstân by de befolking is mar ek ûnrêst. Dat léste hat dochs it gefolch west fan al dy plannen dy't foar de befolking ûnferwachte en faach wiene mar wêroer altiten wol fan'e befol king in direkte reaksje frege waard. De befolking seach dér faak en dat is begryplik gjin kâns ta. Yn'e léste riedsgearkomste hat hy der op wezen dat it by de ynspraak foar it doarpsfernijingsplan frijwol ünmooglik foar de befolking wie each te krijen op wat der allegearre barre sil. Der wiene yn totaal mar 2 plannen yn Terherne. De lju dy't be langstelling hiene koene net langer as in moarn as in middei de plannen besjen, mear tiid wie der net. Ditsoarte ynspraak is net foldwaande. Hy hat net allinne de wethâlder mar ek de amtners warskôge dat it net goed sit yn Terherne. Ferline wike wiene der dochs in dikke 100 man dy't har ferûntresting oer it plan kenber makken. Hy tinkt dat dy ferûntrêsting wol terjochte is. Yndertiid hawwe we it béste mei Terherne foarhân. Terherne moast in doarp wurde weryn de wenfunksje sintraal stiet. Wat der yn Terherne barre soe soe yn it foardiel fan it doarp wêze. It soe positive ympulsen jaan oan'e skoalle en oan'e middenstén. Der soe om tocht wurde dat de iisbaan yn it nije middengebiet komme soe mei dernjonken de sportfjilden. Der soene rynske passantenha vens oanlein wurde direct yn'e buert fan'e bebouwing. Der soe ek foar soarge wurde dat der wentebou mooglik waard, 60 wenten yn totaal. Terherne soe rekreatyf foar de eigen befolking mooglik- heden sa as it kuierpaad by de Snitsermar lâns behélde. Mar wat yn'e struktuerf isy stiet dy't twa jier lyn fêststeld is komt net folie fan teléne. As de plannen goed besjoen wurde docht bliken dat fan'e 60 wenten heechüt 25 realisearre wurde kinne. Ek soe in oplossing socht wurde foar de ferkearsproblematyk yn Terherne. Ek dat bart net. Wêrom is der net fêsthélden oan'e struktuerfisyIt antwurd is dat op dit stuit de projektûntwik- keler mei syn plannen de struktuerfisy op syn kop set. Wêr binne it sportterrein, de 60 wenten, de ferkearsoplossing en de passan- tenplakken? Wat wie it in goede saak west dat der harke wie nei de ynspraak en de ideeën dy't yn it doarp libje. Der sil benammen om tocht wurde moatte dat der in skieding tusken de rekreaasje en it doarp seis komt. Dy splitsing hie der hiel maklik komme kind as der njonken de iisbaan in sportfjild oanlein wie. No bliuwt it sportfjild op it élde plak lizzen. De 25 wenten dy't achter de Gravinnewei boud wurde soene binne fuort. Dér komt foar yn't plak in wetterpartij en wat rekreaasj ewen- ten. It sportfjild kin net oanlein wurde omt de projektüntwik- keler nei in plan ta wol mei folie mear wenten. Dit plan hat neat mear te krijen mei dat wat we mei Terherne wolle. Terherne moat in plak wurde mei body dat folslein oerstreamd wurdt troch de rekreaasje? It antwurd fan syn fraksje is dat dit plan perfoarst net moat. By it bouplan fan De Schiffart kin de ried mar leafst út trije opsjes kieze. Hy kiest der foar om gjin antwurd te jaan, ditsoarte saken hearre earst yn in ôfdieling. De hear Oosterhof fynt dat de hear Van der Baan it te min hat oer it doarpsfernijingsplan en tefolle oer it nije plan. Oer dat léste hoege wy net te stimmen, dat sil noch wol in kear yn'e ried komme. Hy wol efkes yngean op in pear beswieren dy't net grüne ferklearre binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 18