- 17 - As earste it beswier fan de hear Riemersma dat der no gjin goede garânsje is dat it rûnkuierpaad lâns de Snitsermar bestean bliuwe kin. Syn fraksje stiet hielendal achter dit beswier. Der moatte goede ófspraken makke wurde en it moat gjin slütpost wurde. Der binne goede foarbilden fan hoe't dat kin. Syn fraksje is net foar in wenark sa't de hear Riemersma dy hawwe wol. Mocht in bedriuwswente net helber wêze foar de hear Riemersma dan kin syn fraksje akkoart gean mei in wenarke dy*t hiel goed toetst wurde moat oan'e easken en foarskriften. Foardat iisbaan en sportfjild ferdwine moat der yn elts gefal in alternatyf wêze. Syn fraksje is bliid dat yn De Achte en Utbuor- ren ferskate dingen realisearre binne. Mei de nije rünwei is syn fraksje net sa gelokkich. Tenearsten kostet dat nochal wat, de wei soe dwers troch it nije plan komme te lizzen en der kinne nochal wat ferkearstechnyske problemen üntstean. Der sil dochs in tal wenten komme moatte foar permaninte bewenning, it doarp moat yn dy sin in ynjeksje hawwe. Der is mient hy, twa kear wiidweidch yn'e ófdieling praat oer De Schiffart. Mei it amtlik advys kin syn fraksje wol ynstimme. Hy hat begrepen dat op'e léste ynformaasjebyienkomst de stimming net agressyf west hat mar mear dat men nijsgjirrich wie nei de nije plannen. De minsken moatte faak wenne oan grutte plannen en men hat dêr dan wol muoite mei. Mar as it letter dan klear is freget men him óf wêrfoar al dy drokte nedich west hat. De hear Ren ia seit dan nei alle plannen, dy't fanóf 1986 de re vue pasearre binne sa as it TROP- en it TRAP-plan no dan in planologyske beslissing nommen wurde moat oangeande it midden- gebiet, it doarp seis en de boulevard. Sy fraksje wol yn dizze gearkomste in helder beslút nimme wol en dêrby gjin saken oan- nimme dy't planologysk wer in fertraging opsmite sille. Wêrom is der argewaasje? Hy tinkt dat dat komt omt der in ófwiking ten oansjen fan'e struktuerfisy is oangeande it tal wenten. Yn it oarspronklike plan stiene 35 permaninte wenten achter de Gravin- newei, 105 rekreaasjewenten en 30 aparteminten achter it Schip pershuis. Yn totaal 170 wenienheden. Yn april hat bliken dien dat dat net rûn te krijen is. Der is doe in nij plan makke en dat komt ut op 200 wenienheden. Dat is 30 mear. Syn fraksje hie dat ek leaver oars hân mar sil it dochs mei in tal betingsten akseptearje. De huzen sille sa boud wurde moatte dat se yn'e takomst ek geskikt binne foar permaninte bewenning. Dan kin itselde barre as mei de Utbuorren. It kolleezje sil in ynspan- ningsferplichting oangean moatte om op foarhân al 25 wenten foar permaninte bewenning te ferkeapjen. Fierder soe it goed wêze dat it doarp ek meidocht as it giet om de âlde iisbaan. Dêr kinne dan ek sa'n 15 wenten boud wurde plus likernoch noch sa'n 10 yn Terherne-noard. Yn totaal sa'n 50 huzen en dat is in hiele protte foar sa'n doarp as Terherne. It is fan grut belang foar de skoalle en it ferieningslibben. It is wier dat it tal passan- tenplakken yn dit plan dúdlik minder is dan as yn'e struktuer fisy stie. Hy tinkt dat der by de útfiering foar soarge wurde moat dat der mear passantenplakken komme. Planologysk is dat wol mooglik. Hy tinkt dat de boulevard as iepenbiere romte sa breed mooglik hâlden wurde moat yn dy sin dat dêr de measte passanten- plakken komme moatte soene. Dat soe betsjutte kinne dat it bedriuw dat der sit dêr wei moat. Yn oerlis soe it bedriuw dan nei de oare kant fan'e pier kinne. As Riemersma in eintsje ferhûzje moat is dat net leuk mar der is wol oerhinne te kommen. N0T29SEP.AH/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 19