- 18 - Syn fraksje wol dat de rûnkuier bestean bliuwt en dêr sil dan ek in goede oplossing foar komme moatte. As al dizze swierrichheden wêryn ôfweken wurdt fan'e oarspronklike struktuerfisy oplost wurde kinne yn'e útfieringsfase kin dit plan hiel wat betsjutte foar Terherne. De hear Van der Baan ynterrumpearret mei de fraach wêrom it bedriuw fan Postma der dan net sa as yn'e struktuerfisy stie wei moat en Riemersma wol. De hear Ren ia seit dat yn it foarste plak de ferdigening fan'e plannen fan it kolleezje komme moat. Hy hat allinne besocht in plak foar Riemersma en syn arke te sykjen. Hy tinkt dat yn'e struktuerfisy it om in lytse iisbaan en in sportfjild gie. No giet it om in gruttere, 400 meter-iisbaan en dan is der gj in romte mear foar in knap sportfjild. Dat komt trouwens ek mei omt der mear huzen boud wurde moatte. En dat is wer nedich om it hiele plan te realisearjen. It ferbreedzjen fan'e feart en'e slûs kostet in miljoen en dat sil earne wei komme moatte. De hear Van der Baan seit dat de projektüntwikkeler it dus foar it fertellen hat. De hear Renia seit dat dit de iennichste wize wêrop dit plan realiseart wurde kin. As it net kin sa't it moat dan moat it mar sa't kin. Syn fraksje is earlik sein net sa wei fan in rûnwei omt hy tinkt dat in rûnwei tefolle ferkear oanlükt. Hy wol wol in goede ferkearsoplossing foar de âlde kearn, mar dêr binne bin nen de Lytse Kearnenkommisje en de doarpsfernijingskommisje wol plannen foar. Mei it feit dat De Schiffart jûn taheakke is is hy dea ûngelokkich. Doe't yndertiid in twadde bedriuwswente oanfrege waard hat hy al sein dat dat allinne mar kin as it bestimmingsplan wizige wurdt. Dat is bard. En no moat it wer wizige wurde omt it net om in bedriuwswente giet mar om in gewoane. Syn fraksje giet dochs akkoart omt it in feit is dat De Schiffart út Akkrum wei moat. Hy is yn dit gefal wol in bytsje bang foar de presedintwurking. Mei de útwreiding fan'e horeka moat lykas yn it ferline foarsich- tich omsprongen wurde. Gearfetsjend wol syn fraksje in beslút nimme dat dizze saak planologysk trochgean kin. Yn de útfierings- sfear binne saken dêr't om tocht wurden moat en wêrfoar tasiz- zings dien wurde moatte. Wethouder Aukes zegt dat al in 1985, 1986 door de provincie een toeristisch, rekreatief overall-plan is ontwikkeld. Daarin werd aangegeven in welke delen van Friesland in de toekomst geïnves teerd zou moeten worden om te voorkomen dat die bepaalde delen in kwaliteit achteruit zouden gaan. Daar werd ook heel duidelijk Terherne genoemd. Daarop voortbordurend zijn er plannen ontwik keld, waar verschillend tegenaan werd gekeken. Maar over het al gemeen heeft zij de laatste tijd sterk de indruk gekregen dat men zich realiseert wat er aan de hand is en dat dat ten goede zal komen aan het dorp. Als de heer Breeuwsma niets zegt te snap pen van wat het voorstel nu eigenlijk inhoudt dan is duidelijk dat hij niets heeft kortgesloten met zijn fractiegenoten die bei de bij de vergadering van de vierde afdeling aanwezig waren. Daar is duidelijk uiteengezet waarom deze wijziging nodig is. Dat heeft onder andere te maken met de bezwaarschriften die zijn ingediend.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 20