- 23 - 27Voorstel tot ongegrondverklaring van het beroepschrift van de heer J. Schouwstra te Nes. De hear Breeuwsma seit dat it net maklik is yn ditsoarte saken dy't foarüt rinne op it bestimmingsplan bûtengebiet in dúdlike stelling yn te nimmen. Hy fynt no't ek by de Himpensermar sa'n gefal wie en de ried dêr mei akkoart gie dat der ek yn dit gefal motiven binne om de fraach fan de hear Schouwstra yn te wil- ligjen. De buorkerij kin no noch bestean en hy fynt dat de ekonomyske motiven wol swier wage moatte, sadat de hear Schouw stra syn wurk as boer kombinearje kin mei it hâlden fan in cam ping. Oars soe it der wolris fan komme kinne dat it aanst in wenbuorkerij wurdt. Syn fraksje wol dêrom yn dit gefal wol foarütrinne op it bestimmingsplan bûtengebiet. De hear Van der Baan seit dat ek hjir wer te sjen is dat der mei ûngelikense maten mjitten wurdt. Hy fynt it ferkeard om foarüt te rinnen op it bestimmingsplan bütengebiet, mar hy fynt it wol in frjemde saak dat it by de iene wol en by de oare net kin. Hy fynt dat de fraksjes fan P.v.d.A. en V.V.D. mar ris düdlik meitsje moatte wêrom sy achter it kolleezje steane. De motivaasje fan it kolleezje kin hy absoluut net folgje. Hy wol graach witte wannear't it bestimmingsplan bütengebiet klear is, sadat ek de heer Schouwstra in antwurd krije kin. De hear Bouma freget ek wannear't de hear Schouwstra ütslütsel krije kin. De hear Renia seit dat it gefal fan'e Himpensermar en dit fan de hear Schouwstra him krekt as apels en parren min ferlykje lit. Strikt formeel is it sa dat by de Himpensermar ôfweken is fan it bestimmingsplan bütengebiet en wol hy dat hjir net. It liket him ek nochal wat ferskil meitsjen oft der yn in gebou in oare aktiviteit plakfine sil as dat der yn in agrarysk gebiet in cam ping oprjochte wurdt. Hy hopet dat it bestimmingsplan büten gebiet net te lang op him wachtsje lit sadat besjoen wurde kin oft dêr de camping fan de hear Schouwstra dan wol yn past. Wethouder Aukes zegt dat het college het advies van de AROBcom- missie volgt. Het bestemmingsplan buitengebied is stilgezet op het moment dat het eerste bestuursplan werd aangeboden. Het nu te verwachten bestuursplan moet de hoofdlijnen aangeven van het beleid voor het bestemmingsplan buitengebied. Er is al een inven tarisatie gepleegd voor het bestemmingsplan. Er kan voordat de hele procedure van het bestemmingsplan is doorlopen al inge speeld kan worden op bepaalde mogelijkheden. Dat kan op het mo ment dat het bestuursplan wordt vastgesteld. De beleidsuitgangs punten zullen dan begin volgend jaar aan de vierde afdeling wor den voorgelegd. Als daar duidelijkheid over bestaat kan geantici peerd worden op het bestemmingsplan buitengebied. De hear Breeuwsma kin him net begripe dat der sa'n ferskil is as der wat büten- as binnendoar feroaret. It giet hjir om in horeka- as in rekreative bestimming. It is sa, as we it wolle giet it troch en as we it net wolle giet it net troch. NOT29SEP.AH/H/23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 25