- 4 - Biensma is in hiele goede lokaasje en der sil neigien wurde moatte hoe't de faart deryn hâlden wurde kin. Se makket fan dizze gelegenheid gebrük om nochris op de oantreklikheid fan it yndustryterrein Biensma te wizen. It kolleezje hat wol degelik omtinken foar de oare finansjele administraasje fan it grûnbedriuw. Mar it hat ek te krijen mei de hiele reorganisaasje en it is lêstich dêr no al op foarüt te rinnen. De hear Van der Baan is it mei de foarsitter iens dat de sitewaa- sje fan it grünbedriuw mei it gefolch is fan besluten fan de ried. Mar syn fraksje hat yndertiid tsjin Biensma stimd. Der wurdt praten oer de toplokaasje Biensma. Hy hat lukwols net de idé dat it sa'n toplokaasje is want dan wie it seis sünder reklame wol fol west. Dit is net it earste jier dat de accoun tants der op wize dat de administrative organisaasje feroarje moat. Hy kin him dan ek yntinke dat it kolleezje dit ûnderdiel by foarrang oanpast. De hear Breeuwsma seit dat Biensma in prima lokaasje is en der kin in hiele protte mei dien wurde. Sjoch mar nei ferlykbere lokaasjes yn Joure en It Hearrenfean. Hy riedt it kolleezje oan ris mei dy gemeenten te praten oer hoe't dy akwisysje plege. As der in goede "trekker" op'e hoeke komt binne der echt grutte mooglikheden foar Biensma. No steane der in stik as wat "trans formatorhokjes" en dat lükt net oan. De hear Van der Baan hat faak negatyf praat. Hy wie ek tsjin Meinga, dat koe kin kant út. Mar Meinga rint as it spoar en dêr heart hy de hear Van der Baan net mear oer. Dus helje net tefolle âlde kij út de sleat, want der is bést ien dy't stjonkt. De hear Bethlehem fynt it in miskenning tsjin de bedriuwen oer dy't op Biensma sitte as de hear Breeuwsma praat oer "transforma- torhokjes" De hear Renia seit dat elk wit dat it grünbedriuw net goed draait. Neffens him sit der op Biensma gjin ferlies sa't de hear Van der Baan suggerearet. De planning rint wat achter en dat moat sa gau mooglik ynrûn wurde. De ferliezen yn it grünbedriuw sitte noch altiten yn'e ferskate doarpen dêr't kavels lizze sünder dat der rinte byskreaun wurdt. Mefrou Santerna seit dat sy it iens is mei wat de hear Renia sei. Buormans kij binne altiten fetter mar dêr mei de merke op gean slagget ek net altiten. Jo moatte ek ris brij út eigen keuken op tafel sette. De foarsitter seit dat sy praten hat oer besluten fan'e hiele ried. De ried hat dy ferantwurdlikheid nommen. De reorganisaasje fan'e finansjele administraasje hat fral te krijen mei de totale reorganisaasje. It is wat lêstich om al in ûnderdiel fan'e organisaasje te feroarjen wylst de rest noch net oanpast wurdt. It kolleezje is fan doel de ried útstellen te dwaan oer it ynrinnen fan'e planning wat Biensma oanbelanget. It ferskil tusken de beide sifers oan de ein fan it útstel hat te krijen mei in stoarting dy't noch yn it fûns oanlis Rjochte Grou dien wurde moat. It hat altiten sin ris by oaren te ynformearjen hoe't dy wurkje mar der sil ek fanút de eigen positive kanten wurke wurde moatte oan'e akwisysje. N0T29SEP.AH/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 6