- 6 - It is spitich dat op guon ünderdielen der dochs boppe de begrut- ting gien is. Yn de taljochting wurdt oanjün hoe't dat komt en se tinkt dat it ek net oars kind hie as sa't it no bard is. Foar de takomst wurdt it fan belang noch düdliker oan te jaan wat de budzjetten binne en wat der fan ferwachte wurdt. It is ek tige wichtich te sjen hokfoar belied jo meitsje wolle en oft dat al as net slagge is. Sa skerp is dat no noch net ütwurke. Mooglik kin dêr mear oer sein wurde nei de behanneling fan it bestjoersplan. It is net mooglik as der jild oer is, sa as no it gefal by de bystân/R.0.A. de regels mar wat soepeler ta te pas sen. Oan de iene kant is dat wat lestich mar oan'e oare kant soarget dat ek foar rjochtsgelykheid yn it hiele lân. It is moai dat der minder bystân nedich is mar der moat ek goed yn'e gaten hâlden wurde dat de minsken krije dêr't se rjocht op hawwe. It giet hjir om in gemeentlike bydrage yn oanfolling op de ryksbydrageIt jild komt út de algemiene middels en as it net nedich is giet it ek dêr wer hinne. Mevrouw Van den Berg zegt dat het positieve resultaat niet aan ons eigen beleid ligt. Zonder de meer-winst gasbedrijf en C.A.I. was het resultaat niet zo positief geweest. De hear Van der Baan seit dat foar alles dat dien wurde moat re gels binne. Mar de sitewaasje fan minsken dy't fan'e bystân libje moatte is fier fan ideaal. Hy hat de idé dat de regels wol wat soepeler hantearre wurde kinne. Hy hat ek it gefoel dat it yn it suden mei syn mear bourgondyske libbensstyl wolris wat oars tagiet as by úsHy tinkt bygelyks oan in temj ittekomming yn de bydrage foar sportferieningssa't hy dêr al ris earder oer praat hat. Soe dêr net wat mear oandacht oan bestege wurde kinne. Yn oare gemeenten yn Fryslân wurdt sa ek it ien en oar regele. De foarsitter seit dat it úteinlike risseltaat fan'e rekken in kombinaasje is fan bedragen dy't ûnder en boppe de begrutting binne. It gie by it boppe de begrutting gean om saken dy't perfoarst barre moasten. Op it positive diel hawwe wy yndied min der grip. We sille ús noch better oan'e begrutting hâlde moatte en ek sa reëel mooglik de budzjetten fêststelle. Se tinkt dat yn ús gemeente al ridlik soepel mei de regels omgien wurdt. Der wurdt mei de minsken neigien hokfoar romte der is en hoe't se dêr gebrûk fan meitsje kinne. Wat oare gemeenten dogge is in kwestje fan minimabelied. Yn it bestjoersplan wurdt der in opmer king oer makke. De tiid komt wol dat we wol serieus nei in oanfoljend minimabelied sjen moatte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 11. Voorstel om in te stemmen met de ontwerp-begroting1993van Westergo Bedrijven. Mefrou Santema seit dat har fraksje ynstimme kin mei de begrut ting alhoewol't de kosten hast f 7000,00 stige. Al dizze mienskiplike regelingen en ynstellingen hawwe de léste jierren in stiging yn ûnkosten sjen litten. It soe in goed ding wêze mei bygelyks Perspektief en Westergo ta oerienstinmming te kommen foar guon ünderdielen. Sa'n gearwurking soe grif in besparring jaan op'e overheadkosten. Ien oansprekpunt foar de adspirant-dielnimmers makket fêst de stap lytser om der hinne te gean. iTr-irnn Af -rm A U /tl I

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8