- 10 - 19Voorstel tot vaststelling van een overzicht inzake huisvestings voorzieningen voor de openbare en bijzondere basisscholen in Boarnsterhim voor het tijdvak van 1994 tot en met 1996. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 20Voorstel tot wijziging kapverordening De hear Van der Baan fynt dat it kolleezje wol ryklik let is mei dizze wiziging fan'e kapferoardening, benammen omt der al twa jier op oantrune is en it ryk al rom twa jier lyn steld hat dat dit in taak wurde soe fan'e gemeenten. Syn fraksje hat de yndruk dat de ypsykte hurder taslacht as dat it kolleezje oanjout. Lâns de wegen moatte in protte ipen kapt wurde en dêr kin ek net mei wachte wurde omt dy beammen in briedplak binne foar de kevers. Hy freget oft der ek ûndersyk by de houtsagerijen dien is omt de yndruk bestiet dat dêr de ypsykte gâns taslein hat. Dat kin te meitsjen hawwe mei it feit dat de ipestammen mei skyl te lang lizzen bliuwe. De ütfiering fan dit ütstei. sil seker jild kostje moatte, mar yn it ütstei wurdt dêr net oer praten. De hear Breeuwsma fynt ek dat der goed op'e ypsykte tas j oen wurde. De sykte ferneatigt oars in protte fan'e moaiste beammen út üs omkriten. It fernuvert him dat der gjin budzjet oanjûn is by dit ütstei. Want dat it roaien fan beammen jild en tiid kostet is wol düdlik. De hear Oosterhof seit dat ek syn fraksje wearde hechtet oan in finansjeel plaatsje. De foarsitter tinkt dat de ried net de saken trochelkoar hel je moat It giet hjir om de ütfiering fan'e feroardening, it ferplichtsje kinnen fan minsken dy't sike ipen hawwe om dy te kappen. Dat is hiel wat oars as dat de gemeente seis ek sokke beammen hat dy't roait wurde moatte as se de ypsykte hawwe. Ek as we no beammen mei de ypsykte hawwe sil der foar soarge wurde moatte as dat no troch it ryk omearre wurdt as troch de gemeente seis. Yn'e ôfdieling is al sein dat it wurk dat út dizze feroardening fuortkomt, it oanskriuwen fan minsken dy't beammen roaie moatte, net yn'e papieren rint. Yn 1991 is de ryksoerheid stoppe mei de koördinaasje omt op dat momint de ypsykte behoarlik weromrûn. No't dat dochs of fait moat de gemeenten dy taak oernimme en dy taak sil ek juridysk fêstlein wurde moatte. It giet hjir om de feroardening en dêrom leit der gjin finansjeel plaatsje by foar it roaien fan ipen op kosten fan'e gemeente. Se sil neifreegje hoefolle dat krekt kostjen giet. It is goed ekstra te letten op houtsagerij en. De hear Oosterhof freget oft eigeners dy't ferplichte wurde mei te wurkjen dat ek betelje moatte. As dat sa wêze soe is hy dêr gjin foarstanner fan. De hear Breeuwsma seit dat hy begrepen hat dat it roaien fan ipen ünder it grienbehear fait. Dêr ferwachtet hy dan ek gjin ekstra kosten wei. Tafersjoch is gjin budzjet foar. Hy wol graach yn'e ôfdieling noch de kosten dêrfan hearre, want dat it dochs jild kostje sil is him wol düdlik. Hy fynt it hiel logysk dat as der in feroardening fêststeld wurdt der ek bysein wurdt wat de finansjele konsewkwinsjes binne. NOT270KT.2/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 12