GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 2 7 oktober 1992 om 19.30 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, T. de Boer, R. Santema-Jansma en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, A. Breeuwsma, S. Bouma, Y. Dotinga, A. Nieuwdam (wethou der), A.P. Oosterhof, P.M. Renia en H. Veldstra. Afwezig: mevrouw L. Veldstra-Lantinga. Geïnstalleerd als lid van de raad: de heer J. Roorda. Voorzitter: mevrouw A.I. Bloem. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. De foarsitter iepent de gearkomste en hjit de oanwêzigen herte wolkom. Sy stelt oan'e oarder agendapunt 1. Beëdiging van de heer J. Roorda als lid van de gemeenteraad. De hear Roorda leit yn hannen fan'e foarsitter it ûnthjit fan suvering en it ünthjit by it oannimmen fan'e betrekking of. De foarsitter seit dat de hear Roorda hjirmei lid fan'e gemeente- ried fan Boarnsterhim wurden is. Se tinkt dat it goed is dit plechtige momint noch efkes fêst te hâlden. Sa'n momint as dit bepaalt eltsenien noch wer ris by it belang dat der tsjinne wurde moat, nammentlik de belangen fan'e ynwenners fan Boarnsterhim. Sizzen is neat, dwaan is in ding. Dat ien en oar yn'e praktyk dreech genôch is is ek de hear Roorda wol düdlik. Èlts makket derby syn as har eigen ôfwaging, ôfhinklik fan eigen politike achtergrûn as ynsjoch. It allerwichtigste is dat dy ôfwaging makke wurdt yn de ried om ta goede besluten komme te kinnen. Se winsket de hear Roorda dêr sterkte ta yn it djippe fan'e riedspolityk fan Boarnsterhim en seit him alle stipe ta fan it kolleezje en it amtlik apparaat. 2Vaststelling van de notulen van de raadsvergadering van 29 sep tember 1992. Op fersyk fan mefrou Santema wurdt op side 4, ien nei léste ali nea it wurd "eigen" tafoege sadat der komt te stean: "út eigen keuken". De notulen worden verder onveranderd vastgesteld. O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 3