- 3 - De priis dy't by dizze ruiling betelle wurdt is heech. It giet om netdjoere grûn út in bestimmingsplan. De grün mei de best- imming wentebou is de djoerste. De grün dy't no ferkocht wurdt hat al earder eigendom fan'e gemeente west. Bliuwt dat sa troch- gean, earst keapje en dan wer ferkeapje? Hy kin de bedoeling fan dizze ruiling net goed folgje. De hear Bouma freget wêrom it stik grün net oankocht mar ruile wurdt De hear Renia seit dat dizze ruiling op't earste gesicht wol moai liket mar fuortendaliks komt wol de fraach op hoe't it yn'e takomst komt as we dy grün wer nedich hawwe foar wentebou. Hy wit noch skoan dat der earder ris in stik lân ferkocht is wêr't no Biensma op sit en dat dat letter foar 6 ton mear weromkocht wurde moast. Dat kin mei dizze grün ek barre. Jaget dizze rui ling de priis ek op rjochting Domeinen? Hy freget oft in oare ruiling ek mooglik is. Wethâlder Nieuwdam seit dat it fanôf it begjin al dúdlik west is dat as op dit plak in atletyk- en iisbaan komme moat de gemeente grun fan Schuurmans nedich hat. De hear Schuurmans hat al direkt witte litten dat hy gj in grün ferkeapje wol mar wol ruilje. De grün dy't nedich is wurdt ruile mei grün yn Meinga dy't nei ferwachting oer in j ier as 10 nedich is foar wentebou. Op dat momint sil der op taksaasjebasis in keap sletten wurde moatte as wy de grün nedich hawwe. De ruiling giet mei sluten beurzen. De restearjende grün moat fan Domeinen komme. Domeinen wol gj in saken dwaan foardat de rykswei klear is. Der is frege om wol gau ta risseltaat te kommen en Domeinen hat no tasein dat hy op koarte termyn in taksateur ynskeakelje sil om in priis foar de grün te bepalen. It liket him goed ta dat de ried wol in prinsipebeslút ta rui ling nimt. Hy kin him foarstelle dat de ried graach ynsjoch hawwe wol yn de priizen fan Domeinen. De útwurking fan dit beslút sil dan ek net earder plakfine dan neidat de saken mei Domeinen ôfwikkele binne. De hear Van der Baan seit dat it antwurd fan de wethâlder him net oertsjoeget. Hy freget him óf wat de wethâlder bedoelt mei earst dit prinsipebeslút mar te nimmen en dan earst mar Domeinen ôfwachtsje. Hy sjocht dêr gj in inkeld logysk ferbân yn. It sil alteast wat de priis fan'e grün oanbelanget totaal gjin ynfloed hawwe. Der wurdt no grün ruile dy't aanst in stik mear wearde .hat dan sar't de grün der no hinne leit. Hy fynt dizze ruiling dêrom in hiel ûnfoardielige saak foar de gemeente. Der is yn'e ruilverkaveling ek wol grün en dêr soe ek mei ruile wurde kinne. Dan giet it om grün mei de selde bestimming en deselde wearde. Hy hat de idee dat de bougrûn al folie earder dan pas oer 10 jier nedich wêze sil. Hy fynt dat de gemeente dizze bougrûn yn hannen hâlde moat. Hy fynt it ünbegryplik dat dit útstel earst net yn'e ôfdieling west hat. Hy fynt dan ek dat it útstel fier der net behannele wurde moat. De hear Breeuwsma tinkt ek dat it net ferstannich is op dit momint fierder te gean mei dit útstel. Hy fynt dat der earst grun fan Domeinen oankocht wurde moat. Dêrnei kin de saak fier der útdjippe wurde. N0T270KT.2/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5