- 4 - De hear* Renia freget him óf oft it wol kin wat de wethâlder wol. As de grün fan de hear Schuurmans ruile wurdt tsjin grûn dy't letter bougrün wurdt bliuwt de fraach oft der dan aanst gjin jild op talein wurde moat. Troch al de fragen dy't der noch binne liket it him better de saak earst noch mar ris yn in ófdieling te behanneljen. De hear Oosterhof freget oft de grün dy't ruile wurdt in ag- raryske wearde hat as net. De hear Bouma is it mei de hear Renia iens dat de saak earst yn'e ófdieling bepraat wurde moat sadat der in bettere ófwaging makke wurde kin. De foarsitter konkludearret dat de ried dit útstel oanhâlde wol. Dat spyt har wol. Der wurdt mei dit útstel útfiering jûn oan in earder riedsbeslüt en op dit stuit kin dizze oerienkomst sletten wurde. Se wol der dan ek nei stribje op 17 novimber mei it ütstel yn'e ried te kommen. 10Voorstel tot het afwijzen van een subsidieverzoek ten behoeve van het opknappen van de starttoren op het starteiland in het Pikmeer. De hear Roorda seit dat alhoewol't syn fraksje de sylwedstriid- sport sjocht as in wichtich ûnderdiel fan de wettersport en de starttoer foar de wedstriidsilers in grutte wearde hat syn fraksje fynt dat it fersyk ówezen wurde moat. Yn it konsept- bestjoersplan binne de beliedsútgongspunten foar subsidiearring ferwurde. De gemeente wol wat langer wat mear in berop dwaan op de ferantwurdlikens fan de gebrûkers fan'e foarsjenningsDêryn past dat de gemeente yn prinsipe gjin ferantwurdlikheid aksep- tearret dy't earder by it partikulier ynisjatyf lei. De ferant wurdlikheid oangeande de eksploitaasje en it ûnderhâld fan'e starttoer heart thús by de WV, dy't eigener is. De VW hie jilden reservearje moatten foar it ûnderhâld en dat is kenlik net bard. Dêrby komt dat de finansjele posysje fan'e gemeente net florissant is. Ombûgings binne needsaaklik om de begrutting slutend te krijen en om nij belied mooglik te meitsjen. Dizze posysje freget om it stellen fan prioriteiten. It fersyk fan de WV hat dêryn net in hege prioriteit. It bestjoer fan de VW hat de beslissing op it subsydzjefersyk net ófwachte, it opknapwurk is al ütfierd. Ofgeande op dizze fuortfarende oanpak moat it bestjoer fan'e WV by steat achte wurde om in oare manier te betinken om it jild boppe wetter te krijen. Faaks kin sponsoring as in ludike aksje helpe. Bygelyks, it ferkeapjen fan in wimpel mei in ófbylding fan de starttoer. Hy is persoanlik ree, as entüjast wettersporter, sa'n wimpel oan te skaffen mocht dy der komme. De hear Breeuwsma seit dat it net maklik is krekt oan te jaan hoe't it gemeentlik subsydzjebelied der ütsjocht, wêr begjint it en wêr hâldt it op. Hy is der net krekt achter oft der echt in belied is of dat it giet om wat losse gedachten. Hy tinkt dat it léste it geval is. Oft dat in goede oerwaging is betwifelt hy. Der wurdt yn üs gemeente jierliks sa'n f 220.000,00 toeristen belasting ynbard. Der sil dochs in fisy wêze moatte wêrút sprekt wat de toerist bean wurde moat. Syn fraksje tinkt dat it better west hie dat oan ditsoarte saken in stimulans jûn wie sadat yn dit gefal de WV it gefoel hat dat de gemeente achter de wet tersport stiet. N0T270KT.2/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 6