- 6 - De foarsitter seit dat der in maksimale termyn fan 5 jier is wêrbinnen in wertaksaasje plakfine moat. It wurk wurdt foar üs dien, in aardige bykomstichheid is dat wy foar itselde wurk tsjin in noch óf te praten priis gegevens troch wetterskip en mooglik ryk ófnommen wurde sille. Omt dy ynkomsten noch net hurd binne kinne se as sadanich ek net opnommen wurde en moat ütgien wurde fan it bedrach fan f 75.000,00. De post fan f 6000,00 is opnommen foar bykommende kosten, bygelyks ynfiering fan ekstra gegevens en it jaan fan foarljochting oan minsken dy't ynteresse- arre binne yn de wize fan taksearjen. It kolleezje hat gj in inkelde twifel oer de kar fan it buro. De hear Van der Baan freget oft de ried ek noch op'e hichte brocht wurde sil fan'e ynkomsten dy't der komme en hy freget wêr't dy ynkomsten boekt wurde sille. De hear Breeuwsma tinkt dat it goed is dat der oerlis komt mei de V.F.G. It nij op te rjochtsjen fryske wetterskip moat yn 1994 heffe. Dat moat op basis fan gegevens dy't gelyk binne oer de hiele provinsje. Der hat in oerlisgearkomste west yn De Pein wêr't foarljochting jün waard oan gemeenten. Neffens him wie Boarnsterhim dêr net fertsjintwurdigeDat is spitich want dêr waarden nijsgjirrige dingen ferteld. Oer in stik as wat stellige beweringen hat hy dêrom twifels. De foarsitter seit dat der ek oare foarljochtingsbyienkomsten as yn De Pein west ha en dêr hat de gemeente wol hinne west. Der is al in modeloerienkomst gearstald mei alle saken dy't de ófname fan gegevens oanbelangje. De gegevens fan'e taksaasje passé pri ma yn de ófspraken dy't der makke binne. It jild dat we eventu eel fan wetterskip en ryk krije komt oan'e foardielige kant fan'e rekken te stean en it wurdt sichtber by de jierrekken fan 1993, 1994. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 13Voorstel betreffende de vaststelling van de verordening op de gemeentelijke identiteitskaart. Mevrouw Van den Berg zegt dat er straks voor de identiteitskaart f 30,00 gevraagd zal worden. De VNG adviseert de gemeentelijke kosten f 20,00 op te stellen. Als de kaart goedkoper kan dan zou zij daar voor pleiten omdat de kaart voor een bepaalde doel groep is die niet in het bezit is van een paspoort of een rijbe wijs. De hear Renia seit dat dit in ütstel is wêrfan yn earste ynstân- sje sein wurde kin dat dat altiten trochgean moat. It liket in hiel goede oplossing foar minsken dy't gjin paspoort as rvd- bewiis hawwe. Syn fraksje hat gjin problemen mei in identiteits kaart dêr't in pasfoto op stiet en de namme en it adres. Syn fraksje kin net meigean mei dit ütstel omt der mear op de identi teitskaart komt te stean. Wêrom moat it SoFi-nümer der op as eventueel in oare nümers dy't dêr oan keppele wurde kinne. Dat hat op himsels dochs gjin doel foar sa'n identiteitskaart. Hy is der bang foar dat dit in opstap is nei in legitimearingskaart As men in legitimearingsplicht wol dan moat men dat gewoan sizze en dat moat it behannele wurde dêr wêr't it heart. Dizze identi teitskaart mei it SoFi-numer derop is dêrom in hiel ferkearde saak. NOT270KT.2/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8