De hear. Van der Baan is it iens mei de fraksje fan'e P.v.d.A. It pleatsen fan it SoFi-nümer hat alteast foar safier him bekind is gjin inkeld nut. Binnen it kabinet wurdt optheden ek drok praat oer in identiteitskaart. Hy freget him óf hoe't it iene him mei it oare ferhâldt. Soe it net ferstannich wêze om de lânlike ûntwikkelingen óf te wachtsjen. Dit ütstel komt eins op in wat ûngelokkich tiidstip. As it kolleezje syn útstel hanthavenet om ek it SoFi-numer op de kaart te setten sil hy tsjinstimme. De hear Bouma seit dat syn fraksje it iens is mei it ütstel fan it kolleezje. Hy hat by de VNG ynformearre wêrom it SoFi-nümer op de kaart komt. It hat sa't him bliken dien hat alles te krijen mei fraudebestriding en hy sjocht net yn wat dêr op tsjin wêze soe. Boppedat is elts frij om in identiteitskaart te keapj en De foarsitter seit dat de priis fan de kaart opboud is út f 10,00 produksjekosten en f 20,00 gemeentlike kosten. Der moat goed yn'e gaten hâlden wurde oft dat ek de werklike kosten binne. It liket har wol goed te begjinnen mei it taryf dat ek de VNG advisearret, sadat der in gelikense sitewaasje oer it hiele lân is. Rünom yn it hiele lân hawwe gemeenten harren eigen metoaden fan it ófjaan fan in identiteitskaart. Uniformiteit wurdt neistribbe troch ünder oaren dizze identiteitskaart. It is dan miskien foar it ryk hiel spitich dat de VNG flugger wurket mar foar de minsken dy't gebrük fan dizze kaart meitsje kinne en dat binne foaral jongeren en âlderen, is it hiel plezierich. Legitimaasjeplicht is hjir net oan'e oarder en dêr wurdt no ek net ta besletten. De reden dat it SoFi-nümer op'e kaart komt hat alles te krijen mei de uniformiteit yn it hiele lân. Elts is it der fêst mei iens dat f raudebestriding in goede saak is en dêr kin dizze kaart ek in bytsje oan meihelpe. Sy fynt it ütstel foaral in service oan'e minsken dy't net in paspoort as ryd- bewiis hawwe kinne as wolle. De hear Renia seit dat it antwurd fan'e foarsitter him allinne mar mear sterket yn it stânpunt dat it SoFi-nümer op'e kaart net moat. Syn fraksje is net tsjin in identieteitskaart dêr't op stiet waf fan belang is om jo te legitimearjen. It SoFi-nümer is dêr perfoarst net foar nedich. Mei it argumint dat it SoFi-nümer wol maklik is om yn'e takomst op fraude te kontrolearjen wurdt oanjün dat it slüpendewei nei in persoansbewiis tagiet. Giet it om fraudebestriding dan moat dat earlik sein wurde. De hear Bethlehem seit dat yn it ütstel net stiet dat as der wat mei üs lân bart de kaarten ferneatige wurde. De foarsitter seit dat de ferskillen yn de ófwaging bliuwe. Se stelt út ta stimming oer te gean. Na gehouden stemming blijkt het collegevoorstel met 9 tegen 7 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Renia, De Boer, Veldstra, De Vries, Bethlehem, Roorda en Van der Baan. - 7 - N0T270KT.2/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 9