15 De gemeentepolityk is dan faaks wat makliker te ferklearjen en/of te begripen. It noarden, dêr't wy diel fan útmeitsje, wurdt troch de Haachske politvk yne 4e nota Romtlike Oardering beskreaun as in perifear gebiet. Frij oerset: in gebiet oan de râne, sûnder wichtige betsjutting. De betsjutting fan ús gebiet wurdt bepaald troch de betsjutting dyt it noarden foar de Rânestêd oer hat. Net mear en net minder. Soks is net nijYn de twa ieuwen fan de Nederlânske ienheidssteat, dêr't wy sûnt 1814 ús selsstannigens yn kwyt rekken, is der ferearming ûntstien. Allinne yn en flak nei de léste wrâldkriich waarden de rollen in skoftsje omdraaid en krige it noarden tydlik grutte betsjutting. Foar de stêdssteat Amsterdam oer wiene wy fan it begj in óf in perifear gebiet, en wie dêr de gedachte fan in koloniaal winge west net frjemd. Beneamingen as "veenkoloniën" en "Nieuw Amster dam" tsjutte sok tinken oan. Us betsjutting bestiet op dit stuit net langer yn it leverjen fan turfenerzjy, mar fan gasenerzjy, wylst wy as hofleveransier fan lânbouprodukten net langer de rânestêdklandyzje hawwe. De betsjutting wurdt oangeande de Rânestêd dêrmei noch lytser, Hokker takomst stiet Den Haach eins foar eagen yn it Noarden? Soene se dêr it scenario fan de "stragische terugtrekking" ütfiere wolle, lykas beskreaun yn de 3e nota "Waterhuishouding". Dat scenario, dat basearre is op de gedachte dat ekonomysk min der wichtige gebieten mei it omheech kommen fan de seespegel gjin beskermjende diken hâlde. Mei dat secenario ferdwynt Fryslân under wetter! Is it erchtinkendheid as wy de opteinens út Den Haach wei foar de moerasplannen oer yn dat kader besjogge, of soe it politike ûnnoazelens wêze om soks net te dwaan? Hoe dan ek: de Haachske gedachte dat wy perifear gebiet binne, mei us yn alle gefallen net ûntgean. Us polityk sil dêr rekken mei hâlde. In oar aspekt yn de hjoeddeiske polityk soene wy dochs ek beneame wolle. It is in ferskynsel dat ús ünder mear opfallen is by de foarskiednis en fierdere útwurking en behanneling fan it bestj oersplan. It liket wol as lizze der gj in politike fraachstikken, mar inkeld finansjele problemen. De maatskiplike problemen wurde finansjeel fertaald, en dan is der gjin politike kar mear. Der ûntstiet in technyske, rasjonele diskusje, mar mei dy ferte- chnisearring ûntstiet de ferfrjemding fan boargers oangeande de polityk. Oer de twadieling yn üs maatskippijoer de nije klasse fan kânsearmen, oer de earmoedsaaiers fan dizze tiid, wurdt net praat, en ek litte wy wichtige saken as taal en kultuerbelied lizze Soks betsjut earmoede. Earmoede fan de geast. De geast, dy't de minske besiele moat yn it wurk, en yn de plannen dy't hy makket. Taal en kulteur, opfallende karakteristiken yn dizze streek, wurde net beneamd, net ynventarisearre en net útwurke yn wat it earste haadstik wêze moatte soe fan it bestjoersplan. Fan syn taal en kultuer út wei libbet de minske, wol er erkend wurde en ta syn rjocht komme. Moatte wy faaks ús komôf ferjitte, bygelyks ferjitte dan yn ús streek it Reveil fan de frsyke literatuer ûntstie, moatte wy de Halbertsma's út it omtinken banne en dy kulturiele rykdam fersmite? «JOTIONOV/RAAD/ I s

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 17