- 16 - It kolleezje ûntkent mei dit bestjoersplan it bestean fan in ei gen taal en kultuer, alteast lit it foar waar en wyn lizze, en smyt dêrmei it kulturiel erfguod ope jiskeheap. It mei dan ek gj in wûnder hjitte dat it toerisme, dat hast as iennich perspektyf yn dizze streek sjoen wurdt, gj in skoander perspektyf bean wurde kin yn it takomstige kultuertoerisme. De etalaazje mei ús béste produkten is tichtspikereIt bysün- dere, de eigen ütstrieling fan üs streek, wurdt weistoppe. Sa wurkje wy mei oan it ferdwinen fan de eigen potinsjes en oan de efterütgong fan de eigen streek. Yn'e wrâld om üs hinne nimt de druk op in soad fan üs minsken ta. De nije delgeande ûntjouwings yn'e lânbou liede ta betizing, ünwissens en bedrigens yn it boerefermidden. Yn it sok fan dy üntjouwing ferkeare de arbeiders fan it büterfa- bryk yn Wergea. Ek hja sitte yn in ünwisse en bedriigjende posysje, lykas al dyjingen dy't alhiel of foar in part ófhinklik binne, as tsjinstferlieners nei de lânbou ta. De toeristyske sektor sil ek op syn iepenst wêze moatte omdat de nije griene plannen in bedriging foarmje kinne foar ünder mear de tagonklikens fan de Alde Feanen, dêr't üs eigen minsken en de gasten sa faak en sa graach gebrük fan meitsje. De lânhûnger fan it Fryske Gea, de takomst foar de lânbou en de toeristyske mooglikheden sille spannings yn dit gebiet oproppe. Behâld en ütwreiding fan wurk moat yn üs gemeente sa folie mooglik neistribbe wurde, en sil de swierste faktor wêze moatte by de ófwaging fan nije plannen. Goed oerlis mei ündernimmers yn üs eigen fermidden soe dêrta in earste stap wêze kinne. It bestjoeren fan in gemeente sil nei alle gedachten besjoen wurde kinne as ütfloeisel fan in opdracht dy't de befolking üs jout, en dy't wy as sadanich sa goed mooglik ütfiere wolle. By alles wat der sein wurdt hjoed sille wy dat foar eagen hélde. Bestjoere betsjut dat der yn't foarste plak in oardering bestean moat yn it komplekse gehiel fan de te bestjoeren sektoren yn'e gemeente. Amtners hawwe yn dat gehiel fan de bestjoerders de opdracht krigen om düdlike oardering en strukturen yn dy komplekse wréld oan te bringen en plannen üt te fieren. Kinne amtners en bestjoeren dy taken oan? Soks kin allinne beoardiele wurde oan de ideeën, plannen mar benammen oan de planütfieringsOan itjinge dat yn in gemeente ta stén komt, kin de bestjoerskrêft ôfmetten wurde. Yn'e ünstiene komplekse burokratyske wréld, mei in see oan rigels, feroarderings, rapporten, fyzjes, sifers, ensafuorthin- ne, wurdt de gewoane boarger, mar ek it riedslid, it spoar gau bjuster en ünstiet de kleau tusken polityk en befolking. Soks is gefaarlik, en dêrom sil benammen dy kleau fersmelle wurde moatte. At plannen beoardiele wurde dan sille wy benammen de gefolgen foar de befolking, dy't wy fertsjinwurdigje, yn it each hélde. It beoardielen fan plannen kin pas goed barre, at dy plannen hel der en konkreet beskreaun wurde. As sadanich is it bestjoersplan te abstrakt en sil g j in riedslid him in bult falie oan itjinge dêryn beskreaun wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 18