17 - Lykwols hat de F.N.P. wol syn betinkings by ûnder mear de folks- hüsfesting, de foarsjenningskonsintraasjes wolwêzen en de taai en kultuerparagraaf dyt ûnbrekt. Mar it dizenige hâldt ek it gefaar yn, dat elts nei eigen tinken ferskillende konkliizjes lûke sil. Ear't wv it bestjoersplan behannelje mient de F.N.P. dat by alle fierdere planütwurkings fan it bestjoersplan it fanselssprekkend wêze moat dat de organisaasje goed op poaten stiet. Dat heart de earste prioriteit te wèzen. Omdat aanst it bestjoersplan oan de oarder komt yn de reaksjeno- ta, sille wy üs op dit stuit beheine ta in algemiene skôging. It konsept-bestjoersplan, sa as dat der no mei de reaksjenota hinne leit, ropt in soad fragen op. It is wier, ynhâldlik is der mear omtinken foar de ynwenners fan de gemeente as yn it bestjoersplan fan ferline jier. Mar it is spitich, dat dyselde ynwenners no al de rekken betelje moatte foar in dizenich, algemien belied, dêr't men noch alle kanten mei op kin. Lykas op side 41 fan de reaksjenota sein wurdt: "het bestuursplan kan niet meer dan een koers zijn en een intro ductie op hoofdlijnen van het gemeentelijk beleid in de komende j aren" Dêrnjonken fine wy it slim, dat üs Fryske kultuer net ien fan dy haadlinen is. Want kultuer hat no krekt te krijen mei de min- sken, mei it wolwêzen. Kultuer is it lytse doarp, dat aanst yn al syn fasetten beheind wurdt; kultuer is üs Fryske taal, dêr't net iens mear in folgjend belied foar hantearre wurdt; kultuer is ek de pleatslike fanfare, de sjongferiening, de toaniel- feriening, de âldereinsoosit jongereinwurk. Al dy sosjaal-kulturele fasetten en aktiviteiten soargje dêrfoar dat de ynwenners fan Boarnsterhim harren noflik en lokkich fiele yn it eigen doarp. Njonken de bedriging, dy't ütgiet fan de toeristyske üntjouwing, wurde üs ynwenners ek konfrontearre mei hegere belestings, hegere hieren fan gemeente-gebouwen, minder of hielendal gjin subsydzje foar aktiviteiten, mei as gefolch hegere eigen bydra- gen foar de gebrükers. Hokker fyzje leit yn dit bestjoersplan? Yn hast alle haadstikken wurde de ferskate fasetten besjoen yn it ljocht fan de toeristys ke üntjouwing. Fansels is dat in wichtige pylder fan de ekomomy yn Boarnsterhim. Mar der is ek mear. Lykwols, bij de wentebou, de agraryske bedriuwichheid, de natoer, de wurkgelegenheid, ensfh., komt hyltyd de toeristyske üntjouwing om 'e hoeke. Yn de reaksjenota is dêr ek praat fan. Dochs moat der noch mei in toe ristyske fyzje ütein set wurde. Wat betsjut sa'n heech abstrakte, net ütwurke fyzje, wat binne syn konsekwins j esen hoe ferhâldt soks him ta bygelyks it bestimmingsplan bütengebiet en de ferskate âlde en nije bestim- mingsplannen foar de doarpen? Lokkich meie wy konstatearje, dat der op ferskate méden belied en in fyzje tasein wurdt. Mar op hokker termyn? En wa bepaalt dy termyn? Yn de fierdere behanneling fan de reaksjenota sille wy dêr nei alle gedachten antwurd op krije. As taheakke wol ik noch sizze dat wy mei in ütstel komme om yn elts gefal de beliedsüntwikkelingen sa't dy fêstlein binne yn it bestjoersplan dochs her en der te wizigjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 19