- 18 - De hear Renia seit dat nei oanlieding fan wat der yn'e skógings ek al wol neamd is oer it fabryk yn Wergea syn fraksje in moasje yntsjinje wol. Dêryn wurdt oproppen om iepen te sjen nei alle útstellen dyt der dien wurde om de wurkgelegenheid fan'e Frico Domo yn iis gemeente te hanthavenjenDêrby kin bést sjoen wurde nei de plannen dy't de fakbûnen ûntwikkele hawwe en dy't oproppe meielkoar wach te wêzen foar dy wurkgelegenheid en mekoaren net de merk út te konkurearjen. Hy wit dat guon minsken muoite hawwe mei de plannen fan'e fakbunen omt dy bang binne dat der sa sâlt yn'e wûnen struid wurdt. Nettsjinsteande dat mient hy dat de ried dizze moasje stypje moatte soe. Hy lést de moasje foar: De raad van de gemeente Boarnsterhim op 10 november 1992 in ver gadering bijeen: spreekt zijn zorg uit over de voorgenomen sluiting van de vestiging te Wergea van de Friesland Frico Domo, alsook de verdere voorgestelde inkrimpingsplannen van genoemd concern; spreekt zijn zorg uit over de gevolgen die deze sluiting kan hebben voor zowel individuele burgers van de gemeente als voor de sociale structuur van Wergea; heeft kennis genomen van het voorstel van de vakbonden ten behoeve van de toekomst van de totale zuivel van het gehele Noorden roept de betrokkenen op dit voorstel serieus te bespreken binnen de diverse geledingen; roept het College van Gedeputeerde Staten van Friesland op om hier een coördinerende en stimulerende rol in te spelen; draagt het College van loco-burgemeester en wethouders op de inhoud van deze motie over te brengen aan het College van Gedeputeerde Staten van Friesland; en gaat over tot de orde van de dag. De foarsitter slút om 10.00 oere tvdlik de gearkomste sadat it kolleezje de gelegenheid hat syn reaKsje ta te rieden. Sy weriepent de gearkomste om 11.00 oere. De foarsitter seit dat de listkes fan C.D.A. en F.N.P. mei oare dekkingsütstellen en ütstellen om guon saken al as net troch- gean te litten by wurklistpunt 2a behannele wurde sille. Uteraard freget in bestjoersplan sa as dat no oan'e ried foar- lein wurdt om in protte réaksjes. Dy binne der dan ek kaam. In fraach út de algemiene skógings is hoe't mei it bestjoersplan omgien wurde moat. Sy tinkt dat it bestjoersplan sjoen wurde moat as it útsetten fan in koers nei de takomst, mei soms mear konkrete foarstellen deryn en soms foarnimmens dy't neier útwurke wurde sille. It is fan belang de ried op dit momint te freegjen hoe't dy hjir oer tinkt en dat is dan ek de reden dat it op guon punten in algemien karakter hat. It kolleezje tinkt, oars as it C.D.A. dat it tsjoegt fan bestjoerskrêft om no in koers út te setten ek al is de tiid finansjeel problematysk en moat it barre op in wize dy't foar guon minsken minder plesie- rich is. De F.N.P. fynt dat it bestj oersplan alinne in finansjeel, tech- nysk ferhaal wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 20