19 - Sy tinkt dat vn in tiid dat it finansjeel net maklik is it der op oan komt keuzes te meitsjen en om sjen te litten wêr't jo foar steane. Dat net elts dy keuzes ûnderskriuwe kin is syn as har eigen politike ferantwurdlikensDizze gearkomste is der krekt foar om óf te wagen en besluten dêroer te nimmen. De ried sil seis oanjaan moatte wat de bestjoerskrêft fan de ried ynhèldtwant de ried hat wat dat oanbelanget it léste wurd. Se sil yn syn algemienheid reagearje op'e skógings. De P.v.d.A. hat neist it feit dat hy it wol iens is mei it bestjoersplan in tal algemiene tips hoe't omgien wurde kin mei tal fan saken. Dy tips sille meinommen wurde by de behanneling fan'e réaksjenota en by de neiere ütwurking fan it bestjoersplan. De P.v.d.A. hat in düdlike opmerking oer de besunigings op de bestjoersorganen. Se wol dêryn de link lizze nei de reorganisaa- sje. As it best j oersplan oannaam is is in earste stap setten yn'e rjochting dy't sawol kolleezje as amtners mear düdlikheid jout en dy't ek in goede basis wêze kin foar de reorganisaasje Op dit stuit wurdt der drok wurke oan ütstellen en it finen fan in draachflak foar de reorganisaasjeDe petearen dêroer jowe it kolleezje hope en sy ferwachtet ynkoarten mei ütstellen komme te kinnen. Yn dat ramt ferwachtet it kolleezje dat ek de bestjoers organen op in oare, effisjintere wize wurkje kinne. Nei it oannimmen fan it bestjoersplan sille der ütstellen komme moatte wêrtroch ek yn eigen fleis snien wurde moat. De wurkwize sil oanpast wurde moatte troch yn grutte linen te wurkjen. Wat it suniger wurkjen yn'e amtlike organisaasje oanbelanget wol it kolleezje net fierder gean as wat yn'e mearj ierrenrüzing stiet foar 1996. De P.v.d.A. en ek oare fraksjes hawwe problemen mei de ferswie- ring fan lésten. Foar sawol kolleezje as ried is it in probleem dat oan'e iene kant it tal winsken tanimt en oan'e oare kant de jildstreamen fan büten hyltiten minder wurde. Boppedat binne der ek noch in protte "âlde" winsken. Op hokker wize moat dér mei omgien wurde. Moat der nee tsjin al dy winsken sein wurde as tsjin saken dy't bot nedich binne. As moat jo sizze dat it der noch wolris fan komt. It kolleezje mient mei dit bestjoersplan wol mei keuzes te kommen. Der moat wat frege wurde fan'e min- sken, of yn de sfear fan'e belestings of yn it op in oare wize omgean mei foarsjenningsIt is dan goed nei te gean hoe't de tagonklikheid fan tal fan foarsjennings is. Datoangeande sil it kolleezje komme mei ütstellen dy't beflapt wurde kinne ünder it saneamde minimabelied. It moat har fan it hert dat it C.D.A. seit dat der gj in bestjoerskrêft is en dat der keuzes makke wurde moatte. Lykwols it dekkingsferhaal dêr't it C.D.A. mei komt liket mear op de tsiisskaafmetoade. Dat dekkingsferhaal jout wol oan hoe dreech it is mei ütstellen te kommen. Ek it kolleezje hat der mei wraksele. It C.D.A. freget om in listke mei romtlike plannen. It kin bést wêze dat jo somtiden troch de beammen it bosk net mear sjogge. Se tinkt dat de ried wol op'e hichte is fan alles wat der spilet mar dochs sil der yn'e fjirde ôfdieling nochris op weromkommen wurde NOTIONOV/RAAD/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 21