- 20 - De griene romte, it moerasplan. It binne wurden dy't faak te hearren binne yn üs fermidden. It kolleezje is drok dwaande om nei te gean yn hoefiere dit ôfwykt fan plannen dy't der al leinen. Se is bliid fan'e hear Bukman te hearren dat der seker gjin sprake wêze sil fan twongen ferhûzings. It C.D.A. freget oft it kolleezje net mear foar lytsskalige wurk- gelegenheid is. Dat is perfoarst net sa. Mar net elts lytsskalig bedriuw is op elts plak in like goede saak. Der sil bestim- mingsplannen wêze moatte. Yn it bestjoersplan is oanjün dat lytsskalige wurkgelegenheid ferspraat oer de doarpen in goede saak is. Ut tal fan opmerkings komt de spanning tusken wurkgelegenheid yn'e lânbou, de suvel, üs potinsje as rekreaasjegemeente en wat der dan noch oerbliuwt fan'e natuer en foar üs eigen ynwenners nei foaren. Dat is yndied in probleem. We wolle üs eigen produkt fansels net opite, we moatte noch wat oan te bieden hawwe op rekreatyf mêd. Oan'e oare kant is it fan belang de wurkgelegen heid yn'e lânbou goed yn it each te hâlden. Ek lânbouaktivitei- ten hearre ta it attraktive fan üs gemeente en ta it ekonomyske draachflak. By elts plan sil opnij dy ôfwaging makke wurde moatte. Foar it kolleezje is fan belang wat de gefolgen foar de eigen ynwenners binne. It C.D.A. freget oft it it belied fan it koleezje is om foarsjen- nings foar âlderen te konsinstrearjen yn Grou en Akkrum. Kenlik moat hyltiten wer ütlein wurde dat it kolleezje it wichtich fynt dat minsken salang mooglik yn harren eigen omjouwing wenje bliuwe kinne. Gelokkich binne der tal fan foarsjennings dy't dat belied stypje kinne. Se tinkt dan ünder oaren oan de thüssoarg. Fan belang is ek hoe't der boud wurdt yn'e ferskate plakken. Yn it ferline is der hyltiten om tocht huzen te bouwen dy't foar meardere groepen te brûken binne. Dus ek foar minsken dy't de trep net mear opkinne. Der binne ek saken dy't net by de minsken thüsbrocht wurde kinne, de yntensivere soarg dy't somtiden nedich is. Se tinkt dan oan deifersoarging, opname yn is fersoar- gingsteus as de oanleunwenten. As it giet om datsoarte foarsjen nings dan moat der in breder draachflak wêze en moat der oanslu- ting socht wurde by foarsjennings dy't der al binne. Ien fan de redenen dat it kolleezje it jild foar de sosjale fernijing ynset al algemien dekkingsmiddel is omt de wize fan wurkjen ütgiet fan'e ütgongspunten fan de sosjale fernijing. Opheffe fan fünsen wurdt dien omt der jild nedich is. De f 15.000,00 foar it handikaptenbelied is net bedoeld foar de ütfiering sa't dy yn 1994 fan üs frege wurdt, mar foar in eigen ynventarisearring fan foarsjennings yn de iepenbiere romte. De kennis om seis dy ynventarisaasje te dwaan is der wol mar net de kapasiteit It C.D.A. betanket de frijwilligersYn it bestjoersplan wurdt düdlik dat boargers mear belutsen wurde sille by tal fan ak- tiviteiten. Buertbehear is dêr in foarbild fan. It stypjen fan frijwilligers wol natuerlik net sizze dat der altiten finansjele stipe tsjinoer stiet. De V.V.D. is tige benijd nei it- toeristysk rekrea <sjeplan. It kolleezje wol hjoed fan'e ried hearre oft hy ak.- giet mei it opstelen fan in toeristysk rekreatyf aksjeplan en mei de hichte fan it bedrach. Dêrnei kin der üteinsetten wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 22