- 21 - De V.V.D. betanket it amtlik apparaat. Mear fraksjes hawwe yn dy sin reagearre. Sy sil dy tank oerbringe. In ünderwurp dat oeral nei foaren komt is de kloof tusken polityk bestjoer en boargers. Se tinkt yndied dat dat in wichtich probleem is. Net allinne üs gemeentlike maatskippy is yngewikkeld, ek de wrâld om üs hinne is hyltiten yngewikkelder wurden. It bliuwt fan belang oan te jaan wèr't we mei dwaande binne, iepen te stean foar opmerkings fan boargers mar foaral om düdlik te wêzen. In elts dy't dwaande is binnen it gemeentlik bestjoer, amtner, kolleezje- as riedslid sil altiten wer ütlizze moatte wèrom bepaalde keuzes makke binne en wat de achtergrün fan dy keuzes is. Foar de minsken is de boadskip dy't faak brocht wurde moat net like aardich en dan hawwe jo spitigernóch de yngrediënten foar in kleau al te pak ken. DeF.N.P. hat soargen foar it plak fan Fryslân binnen üs lân. Se tinkt dat Fryslân seis en Boarnsterhim yn it bysünder in protte te bieden hawwe. Dat sil üs hâlding wêze moatte nei oaren ta. Kultuer, kultuertoerisme, prachtige doarpen. It hinget foar in grut part fan üssels óf hoe sterk dat nei foaren brocht wurdt en hoe grutsk we dêrop binne. F.N.P. en P.v.d.A. misse in kultuernota. It kolleezje tinkt dat troch oan te jaan wat de sterke kanten fan üs gemeente binne wol deeglik oanjün is wat fan belang is. Wy hawwe üs lytse doarpen, üs kearnen en de beskermde doarpsgesichten. It kolleezje hat, sjoen hoet omgien wurdt mei de direkte romte wol deeglik each hawwe foar doarpsferbettering en kultuer. It kolleezje hat be paalde kategorieën doarpen oanjün wêryn elk doarp syn eigen plak en mooglikheden hat. It kin lykwols goed wêze yn'e rekreaasjeno- ta rekken te hâlden mei wat der op kultureel gebied te bieden is Ek de F.N.P. hat de spanning sinjalearre dy't der is tusken kultuer, natuer, wurkgelegenheid en wenjen. It kolleezje tinkt mei dit bestjoersplan goed rekken hâlden te hawwen mei al dy aspekten en foarüt te kinnen, de takomst temjitte. Yn alle skógings wurdt praten oer de wurkgelegenheid. Yn de moas- je giet it benammen om de wurkgelegenheid yn'e suvel. It kolee- zje hat yn it ramt fan de foamommen sluting alert west en der binne ferskate kontakten west. Wat dat oanbelanget kin dizze moasje goed wurk dwaan omt der oproppen wurdt yn elts gefal it plan dat der leit te bepraten. It kolleezje kin dizze moasje fan herten stypje. Wethâlder Nieuwdam ljochtet inkelde dingen üt de algemiene skó gings ta. As earste it fersyk om no einliks ris te kommen mei de sportnota. It kolleezje nimt dit fersyk earnstich. Begjin 1993 sil yn it plan fan oanpak de prioriteit fan alle nota's ensafuorthinne fuortfloeiende üt it bestjoersplan oanjün wurde. Troch de P.v.d.A. binne konstruktive oansetten jûn ta besunigin- gen yn'e sport op'e lange termyn. Under oaren dit aspekt sil sa gau mooglik oan'e oarder steld wurde yn'e Sportried wêr besocht wurde moat de pine te ferdielen. Dat moat op sa'n wize dat yn prinsipe gjin feriening dêrtroch opheven wurde moat. NOT10NOV/RAAD/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 23