- 22 - Oan'e iene kant binne de ütstellen foar it sosjaal kultureel wurk troch in pear fraksjes fan'e hân wezen. Oan'e oare kant kin hy in konstruktyf meitinken merkbite. It kolleezje kent syn ferantwurdlikens oangeande it sosjaal kulturele wurk. Hooplik kent ek de wolwêzenskommisje dy. It kolleezje wol de foarsjen- nings dy't der no binne safolle mooglik yn stân hâlde. Binne der dochs minpunten dan hopet it kolleezje goede alternativen biede te kinnen. Binnen de ried wurdt düdlik it gemis oan in kuluerbelied fielt. Yn it plan fan oanpak, begj in 1993 sil ek dit aspekt meinommen wurde. Oangeande allegear plannen jildt fansels wol dat yn it plan fan oanpak ek rekken hâlden wurde moat mei de kapasiteit fan it amtlik apparaat. De hear Breeuwsma seit dat hy der de klam op lein hat dat dizze begrutting kenmerkt wurdt troch in pear posten. De salarispost 002 en de útkearing Wet Uitkering Wegen. Syn fraach hat west oft de 1,2 miljoen fan'e Wet Uitkering Wegen direkt ferwurke is yn de post 002. Syn fraksje hat taakstellend oan it kolleezje foarlein fan de 1,1 miljoen, salarispost 002 ien ton óf te heljen. Dan bliuwt der noch in miljoen oer foar ütsetting fan'e begrutting. Hy tinkt dat it kolleezje der goed oan docht net it ferrin fan'e plannen oangeande de Groene Ruimte en de planologi sche kernbeslissingen óf te wachtsjen mar kontakt te sykjen mei de gemeenten Tytsjerksteradiel en Smellingerlân omt dy mei Boarnsterhim hiel sterk by dizze plannen belutsen binne. Dizze trije gemeenten moatte mei elkoar om'e tafel en sis seis, wachtsje net de provinsje óf, wat de reaksje op dizze kernbeslis singen wêze sil. Hy hat grutte muoite mei wat de wethâlder seit oer it sosjaal kultureel wurk. As troch dizze besunigingen foarsjennings ferdwi- ne en dy sille der wêze, dan komme dy der net wer. It giet mar om sokke lytse bedragen, fier dy besunigings net troch. It is eins al te let foar in sportnota, dy hie der al lang wêze moatten. Der moat perfoarst earst net snoeid wurde foardat der in sportbelied is. De foarstelde besuniging kin no net toetst wurde oan in besteand belied. Foar de âlderein is in betingsten skeppend belied nedich om der foar te soargjen dat minsken salang mooglik yn eigen omjouwing bliuwe kinne. Yn dy sin wurdt der te rigoreus mei de post wenteoanpassing omgien. Thüssoarg is tige wichtich mar de fasiliteiten dêrfoar moatte der wol wêze. Hy fynt dat der net jild yn'e plannemakkerij foar it handikapten- belied stoppe wurde moat. Mei dy f 15.000,00 kin gâns praktyske saken oanpakt wurde. Syn fraksje kin mei de moasje as sadanich wol ynstimme. De fjirde alinea kin hy lykwols net mei akkoart gean. Frico Domo moat yn dit kommende jier bewize wat hy wurdich is. De gemiddel de boer ferspilet dit jier likernóch 10 20 tûzend gûne oan ynkomsten yn ferliking mei neistlizzende fabriken, dy't in bettere priis ütbetelje. It sil katastrofaal wêze as de molkepriis net omheech giet, want in protte boeren sille dan by de Frico Domo weigean. Troch de opmerkingen fan'e fakbûnen wurdt der gân sâlt yn'e wûnen struit. Hy tinkt ek dat der gj in fakbûnsbest j oerder is dy't liuwt yn dizze oplossing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 24