- 23 - De hear Bouma seit dat syn fraksje wol düdlik west hast as it giet om de fraach hoet mei it bestjoersplan omgien wurde moat. \:ei it fêststellen moat der sa gau mooglik mei de ütwurking begún wurde. De diskusje oer it oanpassen fan'e bestjoersorganen komt noch. It soe wol goed weze ynsjoch te hawwen yn it tal amtners, vn ferbân mei wat it C.D.A. sein hat oer de ütsetting fan'e salarispost en wat der yn it G.0. bepraten is oer it ferdwinen fan in tal funksjes. It toeristysk-rekreatyf plan is noch hyltiten net makke, hoewol't der ferskate kearen op oan- trune is. Foar guon doarpen binne al dielplannen makke, dy't meinommen wurde kinne yn it grutte plan. Syn fraksje giet akkoart mei de moasje, al liket it plan fan'e fakbûnen him in utopy. De hear Van der Baan konstatearret dat der fanüt it noarden wei noch gjin düdlike fisy op'e takomst is. Op in fakbûnsgearkomste fan Noard-Nederlân en Noard-Dutslân koe men dat ek fernimme. Hy fynt it spitich dat it kolleezje by it opnimmen fan it kul- tueroanbod yn üs gemeente hingjen bliuwt by de doarpen en de beskermde doarpsgesichten. Kultuer is folie mear. It hat te meitsjen mei üssels, üs histoarje.de taal, de monuminten en mu sea. Al dy saken soene ynventarisearre wurde moatte en dér so wat mei dien wurde moatte. Yn it foarste plak sil yn it bestjoersplan in haadstik komme moatte mei dêryn dellein de basis fan üs bestean: de taal en de kultuer. Hy is skrokken fan de wurden fan'e wethâlder dat yn de besuni- gings foar it sos j aal-kulturele wurk der fraksjes wiene dy't konstruktyf meitocht hawwe. Wêr is de ferantwurdlikheid fan'e wethâlder yn dizzen. De wethâlder hie der dochs foar soargje moatten dat syn eigen portefeuille net troch dizze besunigings oantaast waard. De posten dêr't it om giet binne sa minimaal, dy moatte gewoan bestean bliuwe. As dizze weardefolle saken by de boargers weihelle wurde kin it gjin kant üt dat de belestings ferhege wurde. Der bestiet noch altiten in kommisje taalbelied. Dy kommisje sliept. Der is in plan klear en dat soe sa üt'e kast helle wurde kinne en gean as kommisje dér wer mei oan'e gong. Hy makket him soargen oer it grutte omtinken dat der is foar de lytse posten, wylst oan'e oare kant de ried gjin grip hat op'e miljoeneposten. Benammen de posten by romtlike oardening. Hy stelt foar fanüt de ried in finansjele kommisje te beneamen dy't dy posten neirint mei saakkundige help en besjocht yn hoefiere dizze posten ek nei ûnderen kinne. It is net needsaaklik f 15000,00 te besteegjen foar in plan foar it handikaptenbelied. Lju üt it fermidden fan'e handikapten seis kinne hiel wat wurk dwaan en kom mei ütstellen nei de ried ta. Der binne tal fan minsken dy't har ynsette wolle foar in goed handikaptenbelied. Dit soe in goed foarbyld der fan wêze dat mear saken nei de boargers ta brocht wurde moatte, sa't yn it bestjoersplan neamd wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 25