- 24 - Hy kin him yntinke dat der in moasje oer it fabryk yn Wergea ta stân komt. It effekt fan de moasje sil lykwols net wêze wat de moasje suggerearretIt gefaar fan'e moasje is wol dat de saak yn'e suvelwrâld heger oprinne sil. Oan'e oare kant, de moasje bringt ek it gefoel fan solidariteit ta utering. Hy tinkt dat de moasje ta doel hawwe moat om de partijen oan te trunen meielkoar in oplossing te finen. Hy hat mei dizze moasje dochs wat it gefoel dat we achter de feiten oanrinne. Hy fynt dat it kolleezje der tenei foar soargje moat dat der it goede en direkte kontakt mei de ündernimmers is. Der binne mear bedriuwen yn'e gemeente mei problemen. Der binne ek ündernimmers mei nije projekten dwaande. Fan alle kanten binne oare gemeenten dwaande om dy nije projekten nei har ta te heljen. It it fan it grutste belang dat de kontakten mei de ündernimmers sterker wurde. Akwisysje yn'e gemeente is effektiver. Hy wol lykas it C.D.A. de fjirde alinea weilitte. De hear Renia is bliid dat it kolleezje direkt tasein hat dat yn it ramt fan it minimabelied prikken yn it wurk steld wurde sil- le. It wurdt heech tiid. Benammen troch it stigen fan wenlesten, reinigingsrjochten ensafuorthinne bedarje minsken tusken wâl en skip. Hy is ek bliid mei de tasizzing dat de reorganisaasje ynkoarten syn beslach krije sil. Mei de F.N.P. mist hy it haadstik: de minske en syn kultuer yn it bestjoersplan. Dêrmei ademt it bestjoersplan dochs in bytsje de geast fan it materialisme. Hy giet dermei akkoart dat der in notysje oangeande it grutte skala fan kulturele uteringsfoarmen komt Eins hie de sportnota der al wêze moatten. It is dêrom in hiele goede saak dat dy nota der no gau komt. De sportried wol om'e tafel Hy is ek benijd nei it totale listke fan begjin 1993 mei it plan fan oanpak en it tiidskema, fansels rekken hâldend mei de moog- likheden dy't it apparaat hat. Mei it jild foar it toeristysk-rekreatyf aksjeplan moatte goede dingen dien wurde. Hy hopet ynkoarten te hearren hoe't ien en oar opset wurde sil, fansels yn oerlis mei de oanbelangjenden. Itselde jildt foar de wurkgelegenheidsnota. Hoe wurdt bygelyks tsjin akwisysje en kontakt mei bedriuwen oansjoen. Neffens him rint dat op dit stuit net goed. It totaalpakket fan foarsjennings op sosjaal-kuktureel mêd mei it jild dat derby leit moat noris goed op in rychje setten wurde. Krekt sa as yndertiid mei de musykskoalle ek bard is. Troch iepen en earlik te praten is der op prioriteitsbasis grif in goede oplossing te finen. Yn de beantwurding hat hy mist it omtinken foar flechtlingen, asylsikers, freonskipsbannen en minsken dy't holpen wurde moatte It C.D.A. hat op syn ütstel oangeande it bestj oersplan 8 ton struktureel foar wegen opnommen en yn it earste jier ek nochris 6 ton foar fytspaden. De 1,2 miljoen fan'e Wet Uitkeringen Wegen is dêrmei al mear dan op. Hy stelt út om de alinea's wêr't C.D.A. en F.N.P. muoite mei hawwe te wizigjen. Fan'e tredde alinea wol hy dan meitsje: -heeft kennis genomen van de voorstellen van onder andere de vak bonden enz. De fjirde alinea wurdt dan sa: -roept de betrokkenen op deze voorstellen enz.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 26