- 25 De foars itter tinkt dat tal fan opmerkingen no net in reaksje fan'e kant fan it kolleezje nedicn hawwe omt se wol by de reaks- jenota oan'e oarder komme. Lykwols bliuwe der inkelde punten oer De bedragen dêr't de hear Breeuwsma oer prate, de 1,2 miljoen VUW en de 1,1 miljoen salarispost 002 binne dan wol likernôch like grutte bedragen mar se kinne net mei elkoar ferlike wurde. In part fan'e útkearing WUW is brûkt as dekkingsmiddel, mar oan'e oare kant wurdt der dochs ek hiel wat dien oan it ünder- hâld fan'e diken. Yn'e tarieding ope reaksje op plannen as de Griene Romte kin ek sjoen wurde nei hoe't de buorgemeenten hjir tsjinoer steane. De hear Breeuwsma ynterrumpearret dat Boarnsterhim it ynisjatyf nimme moatte soe. De foarsitter seit dat mocht bliken dwaan dat it no giet om in hiel oar ferhaal as wat der bekind is it dan goed is ynisjativen te nimmen rjochting de buorgemeenten. It kolleezje tinkt dat it fan belang is yn'e mande mei belutse- nen te wurkjen oan it handikaptenbelied. Der sil dochs de nedige stipe wêze moatte om sa'n belied hannen en fuotten te jaan. Se kin har net yntinke dat de F.N.P. dêr net bliid mei is. Se tinkt yndied dat it soarglik is konstateare te moatten dat it yn it noarden net maklik is it iens te wurden oer hokfoar rjoch ting wy ütmoatte. Foaral yn in streek wêr't de weromgong opspi- let is it spitich dat dêr net samar in medisyn foar te finen is. Ek yn dat gehiel sil sjoen wurde moatte wat jo goede kanten binne. It is de bedoeling begj in takom jier in oersjoch fan alle plan nen oan'e ried foar te lizzen mei in tiidskema. In sportnota en in toeristysk-rekreatyf plan sille fêst wol by de toppers hearre. Taalbelied kin yn'e earste ôfdieling oer praat wurde. No wurdt noch hyltiten it folgjend taalbelied hantearre. It kolleezje mient mei de opset fan in bedriuwsburo goed de finger op'e min tagonklike posten lizze te kinnen. Op mominten fan belang kin der dan makliker bystjoerd wurde. Yn'e wurk- gelegenheidsnota giet it der om hoe't mei akwisysje en it kontakt mei besteande bedriuwen omgien wurde moat. Wat it kontakt mei bedriuwen oanbelanget binne dêr twa partijen foar nedich. De oare partij moat ek ree wêze kontakt mei de gemeente hawwe te wollen. It is in goede saak dat de gemeente ek nei oare minsken as de eigen ynwenners sjocht. Flechtlingen en asylsikers klopje letterlik en figuurlik oan üs doar. It kolleezje tinkt serieus nei oer hoe't it oantal minsken dat holpen wurdt grutter makke wurde kin sadat we takomme kinne oan it lânlik pro- milaazje. Fan belang is in goede organisaasje en stipe oan'e f rijwilligersBinnen net al te lange tiid sil it kolleezje mei ütstellen datoangeande komme. It kolleezje tinkt dat it goed is troch de moasje in sinjaal óf te jaan en hy giet akkoart mei de troch de hear Renia foarstelde wiziging NOTlONOV/RAAD/25

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 27