- 26 - De hear Breeuwsma hâldt muoite mei de tekst fan'e tredde en fjirde alinea fan'e moasje. Hy fynt dat der op oantrune wurde moat dat der in oplossing komme moat tusken de direksje fan'e Frico Domo en de fakbûnen. De hear Bouma is it mei de wizige tekst iens. De hear Renia seit dat it him net allinne giet om de Frico Domo mar om'e totale suvel yn it noarden. De hear Breeuwsma seit dat de kearn fan syn ferhaal is dat de oare fabriken der oer rekke binne dat de Frico harren yn it konflikt belûkt. De foarsitter slüt om 12.25 oere tydlik de gearkomste foar oerlis oer de tekst fan'e moasje. Sy weriepent om 12.38 oere de gearkomste De hear Van der Baan seit dat it ütstel is om de tekst fan'e tredde alinea sa te meitsjen: -heeft kennis genomen van diverse voorstellen waaronder die van de vakbonden enz. De hear Breeuwsma fynt dat de saak taspitst wurde moat op'e Frico Domo. Hy wol oerlis tusken de fakbunen en de direksje fan'e Frico Domo. De totale suvel yn Fryslân moat derbuten bliuwe. Syn fraksje sil sa de moasje net stypje. De foarsitter bringt de moasje yn stimming sa as dy der nei de léste oanpassing troch de hear Van der Baan no ütsjocht. Na gehouden stemming blijkt de motie met 13 tegen 3 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Breeuwsma, Van den Berg en Dotinga. De foarsitter slüt om 12.35 oere de gearkomste tydlik foar it iten fan it middeisbrochje. Om 13.45 oere weriepent sy de gearkomste en stelt oane' oarder wurklistpunt: 2a. Behandeling van de reactienota concept bestuursplan. Bladzijde 1: Mefrou De Vries seit dat har fraksje fynt dat der by it ütfierin- gsprogramma foar in selektive beneiering keazen wurde moat. Der sil düdlik prioriteiten steld wurde moatte en in realistysk tiidspaad. De foarsitter seit dat it sa oanpakt wurde sil. De hear Van der Baan fynt dat de kultuernota it earste ferskine moat omt hy dy sjocht as in basis foar it totale belied. De hear Breeuwsma hat der beswier tsjin dat de reaksjes fan persoanen, ferienings en ynstellings ûnder nûmer yn de reaksjeno- ta opnommen binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 28