- 28 - Bladzijde 5: De hear Van der Baan seit dat foar Tersoal de saak op slot setten wurdt wylst net iens bekind is om hokfoar bedragen it giet. Sa's strak stânpunt moat op foarhân net ynnommen wurde. Hy soe it wol nijsgjirrich fine te witten wat de grutte doarpen lis oan foarsjennings kostje en dat ris njonken de kosten fan lytse doarpen te setten. De foarsitter seit dat as oer it generaal nei de eksploitaas j e fan'e boukompleksen sjoen wurdt it net maklik is om mar yn alle doarpen te bouwen. Wat Tersoal oanbelanget is it sa dat as op in bepaald momint de koek foar in grut part ferdield is by nije fersiken sein wurde moat dat der g j in finansjele romte mear is. It kolleezje fynt dat as it om it minimumpakket yn dit soart doarpen giet der mooglik wol in ienmalige bydrage jûn wurde kin. Wethouder Aukes zegt dat de heer Van der Baan het citaat uit z'n verband heeft gehaald. Zij weet zeker dat de uitslag van het volkshuisvestingsplan richtinggevend zal zijn en een invulling zal geven aan het bestuursplan. Mevrouw Van den Berg heeft begrepen dat het college wel eenmali ge stimuleringssubsidies wil voor voorzieningen in al onze dor pen. De hear Van der Baan seit dat de kompleksen wêr't gj in rinte mear byskreaun wurde kin yn Akkrum, Grou, Aldeboarn, Tersoal en Sibrandrabuorren lizze. In pear dus mar yn'e lytse doarpen en dy nimme ek noch mar in lyts part foar harren rekken. De foarsitter seit dat der op dit momint noch gj in dekking is foar it doarpshüs fan Tersoal. It bestjoersplan sprekt út dat it ynstânhâlden fan in neier te definiearjen minimumpakket oan foarsjennings troch de gemeente stipe wurde sil mits dat net liedt ta in strukturele bydrage. It liket har nijsgjirrich ris oer it grûnbedriuw yn syn totaal te praten. Der binne ek wol plannen op te neamen wêr't by de start al in behoarlik tekoart wie. It giet der om oft we dat yn'e takomst ek sa wolle. Bladzijde 6: De hear Breeuwsma freget wannear't de fjirde ôfdieling ynfor- mearre wurde sil oer de plannen foar De Burd. Is der ek sicht op hoefolle it kostjen giet en op hokfoar termyn der ta ófspraken kaam wurde kin. De kâns wurdt geandewei grutter dat der neat mear te heljen is. De hear Van der Baan seit dat de brêge yn de Jimsumersyl alles te krijen hat mei de alternative faarrute. Hy stiet der op oan dy brêge op 1.85 meter te bringen. Dêrby soe in oername fan dy brêge eins mooglik wêze moatte. Wol it kolleezje dernei stribje dy brêge oer te nimmen en dy op 1.85 meter te bringen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 30