- 29 - De foars itter seit dat it kolleezje der noch net út is oft de brêge oernommen wurde moat. Wethouder Aukes zegt dat er een paar weken geleden een heel pak ket informatie de deur is uitgegaan over De Burd. Dat is de meest recente informatie die er is met de precieze stand van za ken De hear Breeuwsma seit dat it stik him likefolle seit as it antwurd fan'e wethâlder. Syn konklüzje is dan ek dat de saak stil leit. De foars itter tinkt fan net. De tiid sil it leare. Bladzijde 7: De hear Bethlehem freget oft der ek oer tocht is de SILF yn te skeakelen. Mefrou De Vries seit dat har fraksje de fraach wat breder be doeld hie dan dat it antwurd no oanjout. Se wol it kolleezje derop wize dat der op dit stuit hiel nijsgjirrige ûntwikkelingen yn'e lânbou binne. Under oaren yn Achtkarspelen dêr't boeren mei ynisjativen komme om te besjen hoe't der miljeufreonliker buorke wurde kin. Ek de Eastermarse Lânsdouwe is mei sokke plannen dwaande. Miskien jout dit ek foar de Alde Feanen mooglikheden. De hear Van der Baan hat de ide dat it spanningsf j ild tusken lânbou en natuer hiel dúdlik yn ús gebiet plakfynt. Hy tinkt dat der sprake is fan in wat iensidige beneiering. Benammen de lânbou wurdt oanwezen as ien fan de wichtichste faktoaren fan'e fersmoarging. Hy nimt oan dat it ferkear, auto's en fleantugen folie mear fersmoarging opsmite. It is sa dat yn in swakke ekonomyske regio de saak altiten rigoreus oanpakt wurdt. By Skiphol leit men ommers rêstich wer nije banen oan, der komme 12-baanswegen yn it westen en wy meie wer foarop rinne yn mil- j euplannen. De hear Breeuwsma seit dat de lânbou it sêd is om noch langer oanwezen te wurden as dé fersmoarger fan'e lânsdouwe. Der lekt in rapport út en de earste dy't jo op'e televysje sjogge is Reijnders fan Natuur en Milieu, de ûnheilsprofeetDe lânbou is in essinsjeel ünderdiel fan ús maatskippij en de lânbou spant him tige yn foar it miljeu. Salang't men dér tsjinoan skopt hat de lânbou der gjin ferlet fan om in protte mei te tinken. De foarsitter tinkt net dat it kolleezje sa fingerwizend rjoch- ting lânbou west hat. Se tinkt dat der yndied socht wurde moat nei in bepaald lykwicht en dat dêr sa ek mei omgien wurde moat. Se nimt oan dat de opmerkingen fan de hear Breeuwsma mear be doeld binne foar oare fermiddens. Der binne mear fersmoargers mar wy sille it dochs earst mar by üs eigen omjouwing hâlde moatte

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 31