- 31 - De hear Renia fynt de opmerking fan de hear Van der Baan wol treffend dat elts doarp folie mear kin dan men somtiden tinke soe. Der binne aanst bést doarpen dyt op papier hjitte lyts te wèzen mar dy't yn'epraktyk genôch ynisjativen sjen litte om it doarp leefber te hâlden. De praktyk, sa hopet hy sil sterker wêze as de lear. Hy tinkt wol dat der yn alle doarpen kostendek kend boud wurde moat. As der yn it grûnbedriuw net struktureel oars hannele wurdt komt it grif ferkeard en moat der hyltiten mar wer jild ynpompt wurde. Utsein de allerlytste doarpen hawwe alle doarpen dochs basisfoarsjennings as sportdfjilden, gym lokalen en skoallen. As it giet om sintrumfoarsjennings wêr't de gemeente mar ien as twa fan hawwe kin is it dochs logysk dat dy yn'e grutte doarpen komme. Mei alle sprekkers is hy it iens: doarpen dy't libje wolle moatte dêr de romte ta krije. De hear Bouma makket beswier tsjin de beneaming "twadderangsdoar- pen" dèr't de hear Van der Baan oer prate. Mefrou Santema seit dat der neist Grutte Pier ek Lytse Pier út Poppenwier wie. Dy gong op syn eigen fearten en marren te farren. En sokke moaie lytse doarpkes as Poppenwier wolle we hâlde yn Boarnsterhim. De foarsitter seit dat de yndieling yn kategorieën in helpmiddel is om fan dêrüt keuzes meitsje te kinnen. Se kin oanslute by de opmerking fan de hear Renia dat as it giet om foarsjenningen wêr't mar ien as twa fan wêze kinne en dy harren nut hawwe foar de hiele gemeente dy yn Akkrum en Grou komme moatte. Wethouder Aukes zegt dat de indeling in categorieën niet nieuw is. Het is overgenomen uit het Streekplan Friesland. Als er uit welk dorp dan ook initiatieven voor woningbouw met een kostendek kend plaatje komen zal daar zeker op ingespeeld worden. Bladzijde 10: De hear Breeuwsma seit dat hy sterk de yndruk hat dat as der yn in lyts doarp in üntwikkeling is der op it gemeentekantoar al gau sein wurdt dat der bedriuwsterrein yn Akkrum, Jirnsum en Grou is. Hy tsjut benammen op in fraach fan in ûndernimmer yn Reduzum. Wêrom is dy fraach net posityf beneiere. Op it plak dêr't minsken wat wolle moatte se dêrta de romte krije en moatte se net daliks mei de Hinderwet ensafuorthinne yn oanrekking komme. De hear Van der Baan fynt dat boppeoan side 10 al in moai foar- byld stiet fan'e betizing dy't de yndieling yn kategorieën feroarsaket De foarsitter hopet dat it slagje sil foar de takomst op it hjoeddeistige foarsjenningennivo sitte bliuwe te kinnen. Dat sil noch in drege klus wurde. Fan belang is dêrby dat it tal heech- weardige foarsjenningen dat goed berikber is yn stân hâlden wurdt. It is in net maklike diskusje mei ündernimmers dy't op in plak wat wolle dêr't it kolleezje it planologysk sjoen net hawwe wol NOT1ONOVRAAD31

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 33