- 32 - Op dit stuit fynt der in ynventarisaasje plak fan'e lytse kearnen om nei te gean wêr't noch lytse terreintsjes binne dy't geskikt foar bedriuwsdoelen binne. De reden dat it kolleezje hoe den omgien is mei de fraach út Reduzum is dat de ried seis in skoftke lyn in beslüt oer itselde sikje nommen hat en doe sein hat dat dat it léste wêze moast. It wie in hiel drege haal om it dertroch te krijen, ek de provinsje die net maklik. Bladzijde 11: De hear Van der Baan fynt dat, as in rûte oantrekliker makke wurde moat jo net it brêgejild ferheegje moatte. De hear Roorda fynt it hiel ridlik dat ek foar de Meinesleats- brêge brêgejild betelle wurde moat. Der wurdt in tsjinst fer- liend en dér wurdt in fergoeding foar frege. Foar de ynwenners fan Akkrum kin it lykwols wol ekstra kosten mei him meibringe. Hy wol graach dat ris besjoen wurdt oft it ek mooglik is in abonnemint of soksawat yn te fieren. De foarsitter seit dat it kolleezje it ridlik fynt de Meinesleat- sbrêge no, yn de nije sitewaasje, lyk te skeakeljen mei de oare gemeentlike brêgen. De suggestje fan in abonnemint sil se mei- nimme Bladzijde 12: De hear Van der Baan freget oft ûndernimmers yn Aldeboarn it belied bepale. Mefrou Santema wol graach yn'e ôfdieling prate oer de besteging fan jild út'e ISP-pot, it stimulearingsbelied foar projekten foar rekreaasje en toerisme. De hear Breeuwsma is it mei de hear Van der Baan iens. Harket it gemeentebestjoer yn dit soarte fan saken nei ündernimmers? Wêr is it eigen belied. De foarsitter seit dat yn Aldeboarn troch de doarpsfernijingskom- misje ferskate plannen yn'e diskusje jûn binne yn it doarp. Ien fan de alternativen wie blykber net akseptabel foar de ündernim mers dy't yn'e Andringastrj itte wenje. Yn kontakten mei Al deboarn sil der oer dit probleem praten wurde. Wat de opmerking fan mefrou Santema oanbelanget sil se sjen oft dat yn'e earste ôfdieling oan'e oarder komme kin. De hear Bethlehem seit dat de doarsfernijingskommisje noch hyltiten aktyf is. Uteinlik is der nei in protte diskusje ynder- tiid in oplossing fün, dy't no dochs net foldocht. Der sil dêrom wol fierder praten wurde oer in bettere oplossing. De hear Van der Baan wiist derop dat it kolleezje der net sûnder mear fanút gean kin dat de wetland-status net fan ynfloed wêze sil op'e befarberheid fan'e Feanen. Der wurdt no wol tocht oan sanearing fan de Alde Feanen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 34