- 34 - Der moat wol in finansjele ûnderbouwing by. It liket har in goe de saak dat der tydlik in persoan frijmakke wurdt om de hiele saak op ien line en op de rails te krijen. De foarsitter seit dat it kolleezje tinkt folstean te kinnen mei it antwurd op de fraach fan de FNP oer de rekreative mooglik- heden yn de eigen wenomjouwingSe is it mei de hear Van der Baan iens dat by de ûntwikkeling fan plannen goed sjoen wurde moat oft der genôch oerbliuwt wat iepenbier tagonklik is. Se hopet dat der mei de Wolwêzenskommisje oer dit bestjoersplan en de ütwurking dêrfan praten wurde kin. It kolleezje mient yn ûnder oaren it doarpsbehear, it arbeidsmerkbelied, ünderwiis, folwuksenenedukaasje en it minimabelied de ütgongspunten fan sosjale fernijing stâl te jaan. Mei de besunigingsütstellan binne net de foarsjenningen op sosjaal- kultureel gebiet fan'e baan. Op in oare wize en mei bydragen fan'e minsken seis kinne se wol bestean bliuwe. It kolleezje is wat huverich oer it oanstellen fan in tydlike kracht. Neidat it bestjoersplan oannom- men is sil der oer tocht wurde moatte oer hoe no fierder. It is tige wichtich dat minsken witte wêr't se terjochte kinne. It kolleezje hat noch net sa goed foar eagen oft dêr yn personele sin ek wat oan dien wurde moat. Mevrouw Van den Berg vraagt of de nota sociale vernieuwing nu in de la ligt. De discussie over de projektbegeleider is nu ook van de baan? Mefrou De Boer fynt it fral wichtich dat der gj in saken tusken wâl en skip reitsje. Fandêr har fraach nei ien ferantwurdlik persoan. De foarsitter seit dat it plan sosjale fernijing stevich tusken it bestjoersplan en alle oare plannen dy't dêr anneks mei binne leit. It hat syn ütwurking fün yn parten fan it bestjoersplan. It is wol wichtich in onsprekpunt te hawwen mar dêrfoar is wierskynlik gjin ekstra personiel nedich. Bladzijde 17: De hear Van der Baan lêst dat it kolleezje wol dat it minimabel ied him rjochtet op'e AOW-ers. Hy fynt dat spitch omt hy tinkt dat it minimabelied foar alle kânsearmen jilde moatte soe. Mefrou De Boer fynt dat yn'e takomst besocht wurde moat it jild fan'e bysûndere bystân safolle mooglik te benutten. De foarsitter seit dat it kolleezje it net sa bedoelt as de hear Van der Baan tinkt. Der is ünder oaren ek in groep AOW-ers dy't yn oanmerking komme kin foar it minimabelied. Yntusken is der mear ünderfining opdien mei de bysûndere bystân en de ôfdieling is ree der noch mear ynhâld oan te jaan. De hear Breeuwsma fynt it frjemd dat der gjin modelferoardenin- gen fan de VNG brûkt wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 36