- 35 - De hear Van der Baan seit dat der sprutsen wurdt fan twa katego- rieén. De earste moat yn'e arbeidssfear holpen wurde mei "af en toe een extra steun in de rug in geval van bijzondere omstandig heden". Dat is bysûndere bystân, gjin minimabelied. Hy tinkt dat neist de AOW-ers ek de oare groep belutsen wurde moat by it minimabelied. We moatte der foar soargje dat der gjin jild fan'e bvsündere bystân oerbliuwt. Mevrouw Van den Berg zegt dat er, niet zoals is toegezegd een vangnet is gekomen voor mensen die buiten de boot vallen wat het kwijtscheldingsbeleid betreft nu er andere regelingen zijn geko men. Er zijn byzondere bi j standsgelden die voor het eind van 1992 opgemaakt moeten worden. Zij wil dat niet eind december in alle haast doen, maar rustig over een bestemming kunnen discus siëren. De foarsitter seit dat it net mear sa is dat it restant noch dit j ier opmakke wurde moat. Gemeenten dy't in konvenant sosjale fernij ing ôfsluten hawwe hoege dat net mear. Se tinkt dat it goed is yn'e ófdieling op alles wat mei it minimabelied te meitsjen werom te kommen. Minimabelied is wat it kolleezje oanbelanget breder dan it typyske minimabelied fertaald yn bydragen foar dielnimming oan it maatskiplik ferkear. Ien moog- likheid fan ütfiering is de bysûndere bystân. In oare dat der previntive maatregelen nommen wurde. Der sil neigien wurde yn hoefiere der ek bydragen foar dielnimming oan it maatskiplik ferkear jûn wurde moatte. Yn oerlis mei oare gemeenten rûnom Frentsjer binne al diverse kontakten west oer bygelyks de bysûn- dere bystân. We kinne lykwols net samar modelferoardeningen oer- nimme omt it krekt om maatwurk giet. De grutte linen kinne wol yn'e mande mei oaren útsetten wurde. Se sil ris neigean yn hokfoar ferbân der praten is oer in fangnet. Mooglik wie dat yn it ramt fan'e bysûndere bystân. De ófdieling hat der wol ynsjoch yn krigen hoe't mei it kwytskeldingsbelied omgien wurdt. Se seit ta hjir fierder yn'e ófdieling op werom te kommen. Bladzijde 20: De hear Veldstra freget wat it kolleezje him yntinkt by ak- wisysje sawol binnen as buten de gemeente. Hy tinkt dat it beste is it kreëarjen fan mear arbeidsplakken yn it stedsgewest op te pakken De hear Van der Baan seit dat we dan wol sa graach arbeidsplak ken hawwe wolle, mar op it momint dat der praten wurdt oer ferkeap fan'e FRIGEM dan ferkeapje wy dyselde arbeidsplakken foar in pear miljoen. We sille folie mear betocht wêze moatte op de konsekwinsjes fan ditsoarte saken. De hear Renia se'it dat de FRIGEM no krekt ferkocht is om arbeids plakken te hâlden. De foarsitter tinkt dat der trochgien wurde moat mei it kontak ten lizzen sawol binnen as buten de gemeente. It is in goede saak it stedsgewest hjirby te belûken. Se fynt dit net it plak werom te kommen op it beslút fan'e gemeenteried om de FRIGEM te ferkeapjen. It is oan eltsenien om by ûnderwurpen dêr't arbeids plakken mei anneks binne dit as in ûnderdiel fan'e beoardieling meiwage te litten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 37