- 36 - Bladzijde 21: Mevrouw Van den Berg vraagt welke taak het college nog ziet om met de stichting Kinderopvang het bedrijfsleven te benaderen. Er is nu toch een gemeenschappelijke regeling waarbinnen dat voor de stichting wordt gedaan. De hear Renia is bliid dat de gedachte fan it doarpsbehear sa as dat ferline jier by de skôgings troch syn fraksje oanjûn is no wiidweidiger weromkomt. De reaksjes op it doarpsbehear binne ek fan alle kanten posityf. No is it saak fanüt dizze positive grûnhâlding it doarpsbehear sa op te setten dat de minsken ek posityf bliuwe. It sil goed oerlis freegje tusken de ferskil- lende partisipanten, omt goed fêstlein wurde moat wat de ferant- wurkdlikheden oer en wer binne. Boppedat tinkt hy dat doarps behear net kin sûnder dat der in budzjet bykomt. In doarpskoör- dinator, in oansprekpunt op it gemeentekantoar liket him yn dizzen ek in goede saak. De hear Van der Baan seit dat as mei doarpsbehear begûn wurdt wol helder wêze moat wat it krekt ynhâldt. It is goed om dêr yn de lytsere doarpen mei te begjinnen. Fan belang fynt hy dat der in professinele oanpak komt. Hy giet der foar yn'e pleit dêrfoar in opbouwurker te beneamen, foar it doarpsbehear mar ek noch foar mear terreinen. Fia in opbouwurker kinne sosjale en oare problemen yn in goede setting brocht wurde. In foarbyld: Pleats- lik Belang Grou hat der grutte muoite mei grip op guon saken te krijen en linen út te setten. Ek yn it jongereinwurk is ferlet fan it ütsetten fan grutte linen. Dêrom tinkt hy dat der mear ferlet fan in opbouwurker is dan fan in jongereinwurker Mefrou Santema seit dat it doarpsbehear foar de measte ynwenners noch in wazich gehiel is. Sy hopet dat dy mist sa stadichoan oplüke kin. De pleatslike belangen dogge al oan in foarm fan doarpsbehear, mar dan sûnder in budzjet. Oan it ynfieren fan doarpsbehear sit neffens har ek in finansjele kant. Mei in doarpskoördiator wurdt neffens har in twadde Zweitze van der Wal bedoeld en dan is it foar de bewenners al hiel wat düdliker wat it gemeentebestjoer foar eagen stiet. De foarsitter seit dat it kontakt mei bedriuwen foar it grutste part oppakt wurdt troch de stichting Kinderopvang. Lykwols ferplichtet WVC de gemeente wol om mei bedriuwen te praten. Boppedat kin it ek fan strategysk belang wêze as ek in gemeente him der mei bemuoit. Doarpsbehear is oan'e iene kant in nij idee. Oan'e oare kant bart it al yn in protte doarpen wêr't bewenners seis mei in bepaald budzjet saken útfiere kinne. Fanüt besteande ûnderhâldsbudzjetten moat it mooglik wêze om mei groe pen, te begj innen yn lytse doarpen, nei te gean wat der mear mooglik is. De ferantwurdlikheden moatte goed ôfbakene wurde en der moat binnen it apparaat wol in oansprekpunt wêze. Op dit momint is it kolleezje noch net safier dat dat fertaald wurde sil yn in opbouwurker. It kolleezje tinkt mear oan in groeimo del. Se hopet dat nei it opdwaan fan ûnderfining de dize opluke sil

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 38