- 37 - De hear Van der Baan freget oft der minsken yn eigen hüs binne dyt as in soarte fan opbouwurker wurkje kinne. De foarsitter tinkt dat der troch eksperimentearjen wol in goede oplossing te finen is. In aparte opbouwurker is ynearsten net oan'e oarder. Bladzijde 24: De hear Renia seit dat der grute wurdt dat it jongereinwurk yn Grou op'e rèch leit. Soe dit ek in oanlieding wêze om de jongereinwurker dyt foar 1995 op papier stiet nei foaren te heljen. Wat der no bart is dochs wol in desynvestearing trochdat der mei jild fan'e gemeen te in gebou delset is wêr't aanst neat mear mei dien wurdt. De jongereinwurker sil him düdlik rjochtsje moatte op dy kategory jongeren dyt yne nederklits sitte. Hy soe yn oparbeidzjen mei Foarwurk dizze jongelju perspektiven biede moatte. Mefrou Santema merkt dat der foar de middengroepen hast gj in belied is. En dy middengroep soarget der no krekt foar dat der jild yn it laatsje komt. De foarsitter seit dat de gemeente krekt spesjaal omtinken jout oan dy groepen dy't it nedich hawwe. Alderein en jongerein hawwe ekstra gemeentlike stipe nedich. Wethâlder Nieuwdam seit dat der ferline wike berjocht kommen is fan de stichting jeugdcentrum Grou dat sy it net mear sitten sjogge en dat de stichting mar opheven wurde moat. Hy hat him foarnommen op koarte termyn mei de stichting te praten om nei te gean wat der noch mooglik is. It skeppen fan betingsten foar in belied, sa docht no wol wer bliken hâldt net op mei it beskikber stellen fan in gebou. Men hat blykber ferlet fan stipe. De ge meente wol in stimulans jaan sadat de jongerein dan seis fierder de saak opbouwe kin. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 15.50 oere. Sy iepent de gearkomste wer om 16.00 oere. Bladzijde 28: Mefrou De Vries seit dat har fraksje fynt dat de kriteria net te strak hantearre wurde moatte. Der moat it gefal besjoen wurde hokker kriterium de trochslach jaan moat, sadat der maatwurk levere wurde kin. De foarsitter seit dat der seker sjoen wurde moat nei hokker kriterium der foar in aktiviteit jilde moat. De kriteria binne in rjochtline wêr't mei omgien leard wurde moat. Der sil seker, as der ûnderfining mei opdien is op weromkomme wurde. De hear Van der Baan seit dat hy net mei de kriteria üt'e fuotten kin. Sokke kriteria binne subjektyf en multi-ynterpreta- bel De foarsitter fynt net dat de kriteria multi-ynterpretabel bin ne. Yn it antwurd is de hiérargy oanjûn. By it bruken fan de kriteria moat oanjûn wurde hoe't se brukt binne en dan wurdt wol düdlik wat der mei bedoeld is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 39