- 39 - De hear Bouma seit dat syn fraksje achter it kolleezje-ütstel stiet Na gehouden stemming blijkt het voorstel van het C.D.A. met 11 tegen 5 stemmen te zijn verworpen. Voor hebben gestemd de leden Bethlehem, Breeuwsma, Dotinga, Van den Berg en Van der Baan. Bladzijde 30: De hear Breeuwsma fynt dat der planmjittich neat üt'e ferve komt foar it ynheljen fan'e achterstân yn it wegenûnderhâld. De hear Van der Baan seit dat dizze post (wegen en ûnderhâld) foar him net trochsichtlik is. Hy sil dizze post dan ek ter diskusje stelle. Mevrouw Van den Berg zegt dat de aanleg van de fietspaden wordt gedekt uit het opschonen van reserves en niet uit de W.U.W. zo als de heer Renia eerder heeft opgemerkt. De hear Renia seit dat der yn it earste jier yndied 6 ton üt'e reserves helle wurdt foar de oanlis fan fytspaden. Yn it listke 5.3.4. (samenvatting ombuigingen) stiet dér f 660.000,00 foar diken struktureel en f 40.000,00 foar fytspaden. Mei de 2 ton foar de wenomjouwing derby is de 1,2 miljoen al moai op. De foarsitter kin har amper yntinke dat der sein wurdt dat der gjin Onderbouwing fan'e ütstellen is. By de VMA-rapportaazje sit it oersjoch fan'e ûnderhâldstastân fan üs wegen en hokfoar ütsetting der nedich is. Dêrnei sjoen moatte we mei dit bedrach hiel ferlegen wêze, it is noch fierstente min. De diken binne in grutte soarch en it kolleezje soe der grutte muoite mei hawwe as fan it dochs al lytse bedrach noch wat ôfhelle wurdt sa as de hear Van der Baan ütstelt. Foar fytspaden wurdt struktureel wat oan'e kant setten en der wurdt in ienmalige bydrage üt'e reserve foar fêsthâlden. De hear Breeuwsma seit dat hy frege hat wêr de f 260.000,00 oan bestege wurde sil. It antwurd fan it kolleezje is net botte düdlik De foarsitter wiist op it ütstel sa't dat yn it bestjoersplan seis stiet. Op side 64 stiet oanjün wêr't it kolleezje oan tinkt. Yn'e earste ôfdieling sil ferteld wurde om hokfoar wegen it giet. Se is bliid dat de ried it iens wêze kin mei de ütwrei- ding fytspaden sawol ienmalich as struktureel. Bladzijde 31: De hear Bethlehem freget oft de pleatslike belangen ek meidogge as it giet om it oerlis oer beplantingen. Is der no al as net oerlis mei Akkrum west. Mevrouw Van den Berg vraagt wat er nu dan mis is als er struk tureel zomaar f 25.000,00 per jaar kan worden opgehoest. Die f 75.000,00 zal zich toch zelf weer moeten opbrengen. Haar frac tie wil eerst goed onderbouwd zien hoe men het bedrijfsbureau uiteindelijk gestalte wil geven. NOTiONOV/RAAD/39

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 41