- 40 - De hear Van der Baan wiist net op foarhân it bedriuwsburo óf. It hat, tinkt him, wol mear tiid en beljochting nedich om krekt te witten wat it bedriuwsburo ynhâldt. It soe miskien hiel goed wêze mei in kommisje üt'e ried wei guon saken troch te ljochts- jen. Oft der dan ek noch in bedriuwsburo komme moat wol hy yn it midden litte. Dèrfandinne dat hy de post bedriuwsburo as pm op'e begrutting opnimme wol. As der noch gjin heldere fisy is oer it behear en de eksploitaa- sje fan De Twine fynt hy it foarriedich dit op de begrutting te setten. Ek dêrby makket hy in foarbehâld op de begrutting. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie graag het budget voor de Stichting Alderein vergroot zou zien. Volgens haar is de budgetverruiming die de stichting enkele maanden geleden heeft gekregen een soort inhaling van de achterstand van de afgelopen jaren. In de nota stond dat er voor het jaar 1993 nog gesproken zou worden over een administratieve kracht, herwaardering co ördinatiefunctie, alarmering, uitbreiding coördinatie-uren. Zij vindt het jammer dat het college stelt dat het met de f 30.000,00 allemaal al gerealiseerd is. In diezelfde aanvraag voor f 30.00,00 staat dat wanneer de stichting geen uitbreiding van de coördinatie-uren krijgt het niet mogelijk is het bedrijfs plan voor de maaltijdvoorziening te maken. Op het voorstel van haar fractie staat het ouderenwerk als ook het bedrijfsburo ge noemd. Zij vraagt of het niet beter is eerst een kompleet plan van De Twine te hebben. De hear Bouma seit dat syn fraksje it bedriuwsburo in goede saak fynt. De V.V.D. fielt neat foar in aparte kommisje sa as de hear Van der Baan wol. Mefrou Santema wit noch klear dat yn'e ried in ütstel behannele waard oer ütwreiding fan it tal koördinaasje-oeren foar de Stich ting Alderein. Nei de ütwreiding fan it tal koördinaasje-oeren is noch net begün mei it plan foar de waarm-mielfoarsjenning, wylst de ried him der düdlik oer ütsprutsen hat dat it jild ek bedoeld wie foar it meitsjen fan in plan foar de waarm-mielfoars- jenning. Se fynt dat de stichting tige swak stiet troch net mei it plan te begj innen. De ried hie it better útbesteegje kinen oan bygelyks Stipe, dy't in ûndersyk dwaan koe foar likernóch f 16.000,00. Dan hie it plan der no lein. No hawwe we noch neat. Mefrou De Boer fynt it ek hiel spitich dat de stichting noch net begün is mei it ûndersyk nei de waarm-mielfoarsjenning. Mar der is neffens har ek gjin romte om der noch f 30.000,00 by te dwaan. De hear Renia werhellet syn fraach oft it mooglik is de jong- ereinwurker nei foaren te heljen. Syn fraksje wol ynstimme mei it oan'e kant setten fan f 50.000,00 foar De Twine mar no noch net sizze dat dat jild ek yndied foar De Twine brûkt wurde moat. De hear Bethlehem protestearret tsjin itjinge mefrou De Boer sein hat oer it aldereinwurk. De stichting hat sein dat allinne by 32 koördinaasjeoeren it ûndersyk nei de waarm-mielfoarsjen ning plakfine soe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 42