- 42 - De hear Veldstra ünderstreket de wurden fan de wethâlder oer it bedriuwsburoHy begrypt net dat itjinge yn it bestjoersplan oer it bedriuwburo stiet it C.D.A. en de F.N.P. net oansprekt. De foarsitter seit dat it foardiel fan it bedriuwsburo wêze kin dat der tidens de rit oergien wurde kin ta neikalkulaasjes en dat de stân fan saken opnommen wurde kin, sadat mooglik nedige maatregels nommen wurde kinne. It kolleezje soe it skande fine as dit net oppakt wurdt. It bedriuwsburo jout it kolleezje en de ried de middels en it ynsjoch wêrop der bestjoerd wurde moat. As it bedriuwsburo as pm post ope begrutting komt hâldt dat yn dat der net yn 1993 mei üteinsetten wurde kin. Dat jildt ek foar it ûnderhâld fan De Twine. Yndied stiet yn'e amtlike notysje dat de Stichting Alderein oanjûn hat net mei it ündersyk nei de waarm-mielfoarsjenning begj inne te kinnen. It kolleezje stelde doe ek dat pas mei de fêststelling fan it bestjoersplan besjoen wurde sil oft der budzjetêre romte foar ütwreiding fan de koördinaasje-oeren is. De stichting hie ek de opdracht weromjaan kinnen. It kolleezje sil noch mei de stichting prate oer hoe no fierder mei it ünder syk nei de waarm-mielfoarsjenning. Bladzijde 32: De hear Van der Baan seit dat hy ek fan de oanpassing fan de wurkpleats oan'e easken fan'e hinderwet in pm post makke hat omt hy gj in helder sicht hat op wat der krekt barre moat. Syn frak- sje hat earder beswieren makken tsjin de omfang fan de wurkp leats. Dit bedriuw moat no oanpast wurde foar 4 ton. Is dit wol ferantwurde? Mooglik kin it ûnderhâld fan de auto's folie suniger ütbestege wurde. De hear Breeuwsma freget oft it wol sa nedich is in notysje oer it handikaptenbelied te meitsjen. Hy tinkt dat it better is gewoan oan it wurk te gean. Mefrou Santema seit dat in diel fan har fraksje it der net mei iens is it formaasjeplak fan it bedriuwsmaatskiplik wurk struk- tureel troch te fieren. Se fynt dat it wurk jierliks besjoen wurde moat en op effisjinsje toetst. Foar 1993 kin it wurk trochgean, mar oan'e ein fan dat jier moat wer in evaluaasje plakfine. Wethâlder Nieuwdam seit dat der by de wurkpleats in ynrjochting is dêr't k.c.a. opslein en ferwurke wurde.Oangeande de miljeuwet- jowing is dy ynrjochting net mear akseptabel. Noch erger, de provinsje seit dat der wat oan barre moat en oars wurdt de opslach sluten. Yn it belang fan üs eigen minsken is in feilig wurkplak tige nedich ek wat de opslach en de ferwurking fan k.c.a. oanbelanget. Dat betsjut yndied dat der in behoarlik hege ynvestearing dien wurde moat. As it k.c.a. nei de regio ta moatte soe soe de gemeente folie djoerder út wêze. Hy antwurdet de hear Renia dat it bedriuwsmaatskiplik wurk der ek foar ûnderwizers is. Der is al in evaluaasje west fan it bedriuwsmaatskiplik wurk en dat sil ek elk jier barre. Om gj in ôfbreuk te dwaan en foar de kontinuteit fan it wurk moat it bedriuwsmaatskiplik wurk in struktureel karakter hawwe. Yn de rin fan it jier sil wer in evaluaasje plakfine yn'e ôfdieling.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 44