43 De hear Van der Baan seit dat de wethâlder oanjout dat de oanpas- sing fan'e wurkpleats in k.c.a.saak is. Dat is mar de helte fan it ferhaai, der binne nammentlik twa posten. Tsjin in oanpassing foar it k.c.a. hat hy gjin inkeld beswier. Der is ek in post fan likernóch 4 ton en dy is foar de wurkpleats. Hy wol witte yn hoefiere dy ynvestearing ferantwurde is. Mefrou Santema is it der net mei iens dat it bedriuwsmaatskiplik wurk struktureel ynfierd wurde moatte soe. Sy tinkt dat dit wurk foar in part keppele is oan de reorganisaasje. As de reorganisaa- sje achter de rêch is en de organisaasje draait wer goed kin nef- fens har in stik bedriuwsmaatskiplik wurk ôfboud wurde. Wethâlder Nieuwdam seit dat der uteraard kritysk nei eltse funksje sjoen wurde moat. Mefrou De Wringer docht hiel goed wurk. It liket him goed dat de riedsôfdieling it kommende jier in kear mei har praat. Hy is fan miening dat bedriuwsmaatskiplik wurk needsaaklik is en risseltaat hat. Foar de wurkpleats binne der, neist it k.c.a.ferhaai bepaalde foarsjenningen nedich yn it ramt fan de Hinderwet. Der binne easken der't net oer te diskusearjen is, ek wat de priis oan- belanget Der soe neffens de hear Van der Baan dus praten wurde moatte oer hokfoar taken dêr ütfierd wurde en oft dat wol gemeentlike taken binne. De foarsitter seit dat no net oer dy taken diskussiearre wurde kin. Bladzijde 33: Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie zich afvraagt of deze bijdrage aan de ijswegencentrale er wel toe kan leiden dat er een strukturele oplossing wordt gevonden. Zij wil de bezuiniging op het bibliotheekwerk niet doorvoeren ten koste van de kleine plaatsen. Door met deze bezuiniging te beginnen wordt een trend gezet die haar zeer bezorgd maakt. Mefrou Santema wol graach dat it kolleezje de opdracht ta it ûndersyk foar it ûntwikkelings- en ütfieringsplan rekreaasje en toerisme earst trochsprekt mei de VW Mid Fryslân. Mefrou De Vries seit dat har fraksje fynt dat de bibleteekkom- misje mei in lykwichtich ütstel kommen is. Lokkich is de sluting fan'e ütlienpost Aldeboarn keard want dêrtroch kaam it doarpshûs ek yn gefaar. Oare oplossings binne fün. Automatisea- ring yn Akkrum en yn Aldeboarn in oar ütliensysteem yn 1993. Yn 1994 in lichte kontribusjeferheging en yn 1995 stoppet yn 3 lytse doarpen de bibliobus net mear. Der wurdt besocht in foars- jenning op te setten foar dy minsken yn'e lytse doarpen, dy't de bibliobus misse moatte. In boeketsjinst oan hûs wurdt oan tocht. Dat liket har in hiel goed idee en se ferwachtet dat dêrmei de tsjinstferliening ridlik op peil bliuwt. De hear Van der Baan wol de post bibleteekwurk hanthavenje omt benammen de lytse doarpen troch in besuniging in stik leef- berheid ferlieze. NOT10NOV/RAAD/43

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 45