- 44 - De foars itter seit dat noch net krekt düdlik is hoe it plan foar rekreaasje en toerisme ta stân komme sil. It sil seker yn'e earste ôfdieling bepraten wurde. It kolleezje giet der fanüt dat der fan dizze bydrage foar de iiswegensintrale dochs seker in stimulans ütgiet. Wethâlder Nieuwdam seit dat de foarstellen fan'e bibleteekkom- misje om ta in besuniging fan f 40.000,00 yn 3 jier te komme it kolleezje tige oansprekke. Dat in pear fraksjes dêr oars oer tinke is spitich. It kolleezje hanthavent syn ütstel omt dit foarstel fan'e bibleteekkommisje it béste alternatyf is. Mevrouw Van den Berg vindt het ook positief dat de bibliotheek commissie zelf met deze plannen is gekomen. Dat haar fractie er toch niet achter kan staan komt omdat zij het voorstel anders hebben gewogen. Naast de opheffing van de bibliobus staat geen bijdrage die men toch nodig heeft om de boeken aan huisdienst te financieren. Wethâlder Nieuwdam seit dat as de opheffing fan'e bibliobus in feit is der jild beskikber steld wurde moat om de boeketsjinst op poaten te krijen. Bladzijde 34: De hear Van der Baan seit dat hy ek graach de post foar sosjaal kultureel wurk stean litte wol. Mevrouw Van den Berg zegt dat voor haar fractie hetzelfde geldt. De argumenten zijn bekend. De hear Renia seit dat syn fraksje fynt dat der foar it sosjaal kultureel wurk in nije opset makke wurde moat. Hy ferwiist nei itjinge hy dêroer yn'e algemiene skôgings sein hat. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje fan betinken is dat sjoen de aktiviteiten fan it sosjaal kultureel wurk it best akseptabel is om no dizze besuniging troch te fieren. It is seker net it foarnimmen fan it kolleezje om dêrmei dit wurk om in luchje giet. Wêr't in subsydzje net fan libbensbelang is mei der best nei sjoen wurde. Hy wol graach wer mei de Wolwêzenskom- misje prate mar dan mei de ynset dat der wol besunige wurde moat. Bladzijde 35 en 36: De hear Van der Baan seit dat hy de posten sport en pjuttewurk stean litte wol. As aanst it oerlis west hat mei de sport kin mooglik in besuniging trochfierd wurde. No't der noch net in sportnota leit moat earst dy post hanthavene wurde. Mevrouw Van den Berg brengt extra onder de aandacht dat het heel nodig is dat er een sportnota komt. Voor 1993 wil haar fractie niet de bezuiniging op de sport door laten gaan. Wethâlder Nieuwdam seit dat de sportried net prate woe oer in besuniging. Alinne as foar 10 novimber it bedrach fan tafel gie. It kolleezje koe fanüt de eigen ferantwurdlikheid net akkoart gean mei dy eask. Oer de ynfolling fan de besuniging yn 1993 wol it kolleezje noch hyltiten prate mei de sportried. Hy hat de yndruk dat de sport no konstruktyf meitinke wol oer de ynfolling fan'e besunigingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 46