- 46 - Hy kin him ek net foarstelle dat úte opbringsten fan de oername fan de rykswei dizze post net betelle wurde kin. Hy stelt út dizze f 30.000,00 fan'e post ûnderhâld wegen of te heljen sadat der gjin obstakel yne altemative rûte makke wurde hoecht. Mefrou Santema werhellet har suggestje om yn'e ôfdieling it keapjen fan in wimpel te bepraten sadat de eigen ynwenners frij troch de brègen kinne. De foarsitter seit dat it risseltaat fan'e ûnderhannelings oer de oername fan de brêge wie dat de gemeente in jierlikse fer- goeding krige foar it betsjinjen fan'e brêge. Op 1 jannewaris 1993 hâldt dat op. Yn ferliking mei oare brêgen dy't yn gemeen- tlik behear binne is it logysk om dit brêgejild te freegjen. De suggestjes oer abonnemint, winmpel as sticker sil yn'e ôfdieling bepraat wurde. Bladzijde 38: De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje fynt dat it kolleezje der net goed oan docht in besuniging op'e bestjoersorganen troch te fieren. Der binne folie gruttere budzjetten wêr't ris kritysk nei sjoen wurde moat. Dizze beneiering fan it kolleezje leit ek hielendeal net yn'e line fan wat oare gemeenten en ek de VNG foarsteane. Fral de lytsere fraksjes sille it mei in legere fergoeding net mear dwaan kinne. Eventueel soe hy wol oer in gearfoeging fan'e kommisjes prate wolle. De hear Bouma seit dat foar syn fraksje dit it iennichste punt is yn it bestjoersplan dêr't hy him net yn fine kin. As der besunige wurde moat op salarissen moat dat wol yn in breder ramt besjoen wurde. No wurdt it allinne op'e skouders fan riedsleden dellein. Der sprekt neffens him min ofte mear minachting út foar it amt fan riedslid. Mefrou De Boer seit dat har fraksje fynt dat earst de haadstruk- tuer fan'e nije organisaasje fêststeld wurde moat foardat der sjoen wurdt nei it funksjonearjen fan'e kommisjes en nei it tal ôfdielings. Sy is wol ree om te praten oer in ferleging fan 20 7, fan'e fergoeding foar riedsleden. Sy hellet, oars as it C.D.A. de motivaasje om riedswurk te dwaan net út'e beleaning dy't dêr tsjinoer stiet. De hear Van der Baan fynt dat de P.v.d.A. net alhiel reëel is yn syn beneiering. As hy sjocht hoefolle riedswurk der dien wurde moat kin hy him hast net yntinke dat as minsken gewoan harren wurk dogge it riedswurk foldwaande beleane is. Hy tinkt net dat dizze besuniging in goede oplossing wêze sil, fral net foar de lytsere fraksjes. De foarsitter seit dat it kolleezje in relaasje mei de reor- ganisaasje sjocht yn dy sin dat de ried ek ta moat op in oare wurkwize. Sy hat it idee mei útstellen te kommen oer hokfoar diel weihelle wurde kin út effisjinter gearkommen en hokfoar part út it ferleegjen fan fergoedings. It kolleezje doart dit útstel te dwaan omt de reewilligens dêrfoar der wie. Der is perfoarst net mei dizze besuniging bedoeld dat it amt fan rieds lid net heechachte wurdt. Yn'e útstellen op langere termyn wurdt ek it kolleezje belutsen. Dat is it beste foarbyld fan it feit dat der ek yn eigen fleis snien wurde moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 48